Het Uur van de Wolf: DeWolff yn Europa

febrewaris 9, 2020 08:57

Hja keapje in buske en begjinne fol bravoer oan in toernee troch Europa: it trio Pablo en Luka van de Poel en harren freon Robin Piso. Rockgroep DeWolff wol mei in fjouwerspoare-kassetterekorder al reizgjend in nije plaat opnimme. It aventoer giet oer toppen en troch djippe delten. De kassetterekorder rekket hieltyd stikken. Oeral liket plysje oanwêzich om boetes út te skriuwen. De bandleden wurde efterfolge troch mangelûntstekking en fiedselfergiftiging en de lûdstechnikus komt yn it sikehûs telâne. Yn hast alles wurdt humor fûn.

DeWolff (foto: NTR)

De reis fiert nei Frankryk, Dútslân, Switserlân en Tsjechië. De publike belangstelling en de poadia fariearje bot, mar it entûsjasme bliuwt grut. En hieltyd stiet de live-kwaliteit fan it ynnimmende trijetal as in hûs. De dokumintêre toant de Limburchske sielsbesibben yn foarm; mei ‘dampende Hammondsolo’s, sabeare ymprovisearre mar sekuer tapaste synergy en de sjonglinen, dy’t dan wer sweevje dan wer spije’, sa seit it sjueryrapport fan de Edison Awards. DeWolff wit publyk fan alle generaasjes oan him te binen.

De sjogger sit op ’e efterbank fan de toerbus, is yn de klaaikeamer en op it poadium en is tsjûge fan de kreaasje fan harren nije album. Wers fan úttochte imago’s en marketingstrategyen folgje hja har eigensinnige muzikale koers. DeWolff in Europa jout in meislepende blik efter de skermen, dy’t belibbe wurde kin as wylde rit fol muzyk, drank en kalamiteiten.

Utstjoering: sneon 22 febrewaris, 23.05 oere by de NTR op NPO 2.

febrewaris 9, 2020 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.