‘Heel Holland Bakt’ ynspirearret bakkend Nederlân

febrewaris 7, 2020 10:07

It populêre programma Heel Holland Bakt, dêr’t oankom snein de finale fan útstjoerd wurdt, hat grutte ynfloed op it online sykgedrach fan thúsbakkend Nederlân. Ut ûndersyk fan online winkelsintrum Beslist.nl docht bliken dat sjoggers al ûnder de útstjoering manmachtich op syk gean nei resepten en bakprodukten.

Trifle (foto: Wikipedia/Ben – publyk domein)

Trifle en cannoli populêrste gerjochten fan it seizoen
Net allinnich by sjueryleden Robèrt van Beckhoven en Janny van der Heijden, mar ek by it publyk falt de iene kreaasje better yn ’e smaak as de oare. Ut de analyze fan it online sykgedrach docht bliken dat troch sjoggers it faakst sjocht wurdt nei resepten foar in trifle. Dat Ingelske neigesetsje waard yn ôflevering 6 makke. Der waard ek faak socht nei mooglikheden om de Italiaanske cannoli út ôflevering 3 thús nei te meitsjen.

Wol blike de sjoggers ferdield: dêr’t minsken yn ûnder oare Noard-Hollân en Flevolân foaral op syk giene nei mear ynformaasje oer in trifle, sochten thúsbakkers yn de provinsjes Drinte, Grinslân, Limburch en Súd-Hollân just faker nei resepten foar cannoli.

Thúsbakkers sykje benammen nei bakfoarmen
De populêre bakkriich blykt de sjoggers thús behoarlik te ynspirearjen, want nei ôfrûn wurdt der op ynternet faak socht nei wat nedich is foar de bakresepten. Njonken de spesifike yngrediïnten, siket thúsbakkend Nederlân ek geregeld nei bakprodukten om de kreaasjes út de ôfleveringen neimeitsje te kinnen. Sûnt de start fan it seizoen waard online it faakst socht nei ferskate soarten bakfoarmen, folge troch keukenmasines en keukenskelken.

Mear ynformaasje oer it ûndersyk is hjir te finen.

Ofbylding: Beslist.nl

febrewaris 7, 2020 10:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.