Hannen ôf fan de Dichter fan Fryslân

febrewaris 25, 2020 15:26

Ynstjoerd

Tsead Bruinja. Foto © Tresoar/Jan Kalma

Dat sá komme de proefballontsjes yn ’e wrâld. Meitsje in dokumintêre oer Fryske poëzij en lit dêr ien of oar kopstik yn sizze dat er werklik hopet dat de folgjende Dichter fan Fryslân gjin Frysktalige gedichten skriuwt. Mar Hollânsktalige, tinkt de sjugger/harker dêr fansels dalik achteroan. En hy tinkt dêrnei: do ek, Brutus?

Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, it kopstik yn kwestje, besleat nei in pear Frysktalige eigen dichtbondels en in moaie twatalige blomlêzing út de Frysktalige poëzij fan min ofte mear syn generaasjegenoaten (Droom in blauwe regenjas) it kantoarke fan syn bedriuwke nei Amsterdam te ferpleatsen en him fierder foaral ta te lizzen op Hollânsktalige kut- en lulgedichten (KutgedichtenKlotengedichten).

Sûnt hat de Hollânsktalige tûke fan syn bedriuwke aardich sukses yn it rûnreizgjend performance-sirkwy, wylst de Frysktalige tûke dêrneffens wat achterbliuwt. Logysk, want fan dat Frysk kinne jo net ite en slacht de sintrale ferwaarming net ienris oan, lit stean jins libido. Bruinja, in baas netwurker, hie wol safolle sukses dat er net inkeld yn 2017 beneamd waard ta ‘Dongeradichter’ fan de gemeente Dongeradiel mar yn 2019 sels ta ‘Dichter des Vaderlands’.

Dat wûnderaardige sukses misgunt him fansels net ien. Bruinja is oeral, docht alles, leit kontakten, befoarderet eigen en oarmans belangen en hy is wat dat oanbelanget it net mis te rinnen oaljemantsje fan it Nederlânske poëzijsirkuske. Dy’t it no opportún achtet om it Frysk as kultuertaal mar ris efkes in reis te ferkeapjen. Wylst de Frysktalige literatuer – en yndie, de Fryske taal – alle stipe brûke kin dy’t mar te krijen is, wylst it provinsjale taal- en kultuerbelied foar in grut part rjochte is op it ûnderstypjen, mei ús belêstingsinten, fan dyselde Frysktalige literatuer en dyselde Fryske taal, ropt Bruinja wat oars.

Hy hopet dat de folgjende Dichter fan Fryslân gjin Frysktalige gedichten skriuwt. Want, neffens him: ‘in Fryslân moet het altijd in het Fries’. Is it net ferskriklik, en dat yn in meartalige provinsje lykas uzes?

Mar it is Bruinja dy’t ûnsin ferkeapet. Hy docht dat grif as ‘His Master’s Voice’ fan ús provinsjale kultuerynstellingen dy’t, mind you, al folle langer dwaande binne om it Frysk út it sintrum fan de subsydzjestreamen wei te pesten. ‘In Fryslân moet het altijd in het Fries’ is domwei in leagen. Wolris it tydskrift De Moanne lêzen, Bruinja? It lot fan Trotwaer neirûn, dat tydskrift dêr’t ik dyn jiergongen fan krige om’tsto der gjin belang mear by hiest, tank nochrisom? Of de programmearring fan Explore the North besjoen? Of de stroffelstiennepoëzij fan Ljouwert? Noait wat aparts opmurken oan de taligens fan it topsegmint fan LF2018?

Wa’t blyn wêze wol, moat foaral de eagen ta dwaan. Nee, yn Fryslân moat net alles altyd yn it Frysk. Hoe soe dat ek? De helte fan de Fryske befolking praat wat oars: Hollânsk, stedsk, mar ek Bilts, Stellingwerfs, Turksk, Marokkaansk, Surinaamsk, sis it mar. Gjin ein oan de talen en dialekten yn Fryslân. Ien fan dy talen, de grutste, is it Frysk, in taal dy’t troch mear as de helte fan de befolking yn de provinsje praat wurdt en dêr’t ús demokrasy oant yn Europeeske ferdraggen ta fan bepaald hat dat dy taal bedrige wurdt, achterút kachelet, en út it eachweid  wei fan minskerjo chten en diversiteit rjocht hat om mei in taal- en kultuerbelied stipe te wurden yn in bysûndere ynspanning fan ryks-, provinsjale en gemeentlike oerheden.

Tsead Bruinja kin syn optinksels yn Nederlân – en Fryslân – rûnom publisearje, der binne tydskriften, kranten en multymediaprogramma’s sûnder tal dêr’t er syn Hollânsktalich wurk oan slite kin. En dat jildt fansels foar elkenien dy’t graach Hollânsk skriuwe wol en in bytsje oanlis foar taal hat. Publyk foar soks is der ek by ’t soad te finen en it kultuerkommersjele ‘kom, we doen er een gedichtje bij’‑wrâldsje skinkt him in ûngelok oan goedkeape wyn fan de Lidl.

Hoe oars is de wrâld dêr’t de Frysktalige dichter en skriuwer yn libje. Talint genôch, mar hast gjin publyk, hast gjin oanmoediging, hast gjin kollega’s, hast gjin publikaasjemooglikheden, hast gjin wurdearring, hast gjin literêre krityk, en hast gjin jild. Bruinja wol dat no om him movearjende redenen efkes net sjen, mar hy wit bliksemse goed it ferskil. En hy wit bliksemse goed dat krekt dêrom ús provinsje in taal- en kultuerbelied hat dêr’t sûnt in tal jierren de Dichter fan Fryslân in net ûnbelangryk part fan útmakket.

Dy Dichter bringt Fryske poëzij nei it publyk op in wize dy’t net mooglik west hie as dat amt net ynsteld wie. Dy Dichter sit yn in unike posysje om Frysktalige keunst fia publikaasjes yn kranten en op de Omrop yn it each rinne te litten; om de ‘sichtberens’ derfan te fergrutsjen. Dy Dichter is net yn it libben roppen om de projektromte fan ynstituten te fergrutsjen, mar om de befolking breder as oars kinnen hie, kennismeitsje te litten mei de krêft en de skjintme fan it bedrige Frysk as literêre taal. Sûnder dat soks op kosten giet fan Hollânsktalige lêzers of Hollânsktalige skriuwers. Kin ’t noch moaier?
Hannen ôf fan de Frysktalige Dichter fan Fryslân, Tsead. En oaren.

Abe de Vries

Oarspronklike publikaasje:
https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2020/02/hannen-of-fan-de-dichter-fan-fryslan.html

 

 

febrewaris 25, 2020 15:26
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Jabuk febrewaris 27, 23:35

    Dankewol Abe de Vries, sa moai dúdlik as jo dy ûntankbere Brúnja teplak set hawwe. Ik hoopje yndied dat er beseft hoe fout as er mei syn dwaan en litten foar Fryslân trochwurkje kin. Tige beskamsum!

  2. Kerst Huisman febrewaris 28, 10:47

    Moai stik, Abe! Mar wat is dat foar in funksje, Dichter des Vaderlands? Sokssawat as Opperskythúskepapierdrager fan de Majesteit?

  3. Abe febrewaris 28, 18:20

    Ik wit it net, Kerst. Yn alle gefallen is de funksje ek bedoeld om de minsken mear en better yn ‘e kunde te bringen mei de keunstfoarm poëzij. En dat is allinnich mar goed. Tsead docht dat sindingswurk mei entûsjasme en hat tink ek net witten dat dy saneamde doku sa goedkeap útpakke soe. Oer in Nl.-talige Dichter fan Fryslân wurde wy it lykwols net iens, leau ik. Dat is spitich.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.