Goed en min nijs oer it Fryske taalbelied yn Dútslân

febrewaris 9, 2020 20:32

Nils Langer, perfester foar de Fryske taal yn Flensburch

Der is goed en min nijs oer it Frysk yn Noard-Fryslân. Yn dy streek yn it uterste noarden fan Dútslân wenje sûnt de njoggende iuw nei Kristus Friezen en in part fan harren praat noch hieltiten Frysk.

Nils Langer is heechlearaar Frysk oan de universiteit yn Flensburch. Yn ‘e kompe mei syn kollega Lena Terhart en de Nederlânske ûndersykster Femmy Admiraal hat er sa’n hûndert Noardfriezen befrege oer harren taal.

Min nijs is dat it gebrûk fan it Noard-Frysk yn de praktyk ôfnommen is. De lanlike en regionale oerheden besykje al tsientallen jierren om it gebrûk fan it Frysk yn Noard-Fryslân oan te fiterjen, ûnder oaren troch te wizen op de foardielen fan meartaligens en troch de ferbining tusken de Noard-Fryske identiteit en it behearskjen fan de Fryske taal te beklamjen. Dat hat lykwols gjin fertuten dien. It Noard-Frysk wurdt net faker brûkt as fyftich jier lyn, it wurdt net yn nije situaasjes (lykas yn de polityk of by de plysje) brûkt en it tal memmetaalpraters is ôfnommen.

Neffens ûndersykster frou Terhart woene hja en har kollega’s graach witte oft twatalige plaknammebuorden, Fryske les op skoalle en in gruttere sichtberens fan it Noard-Frysk yn de iepenbiere romte no ek ynfloed hiene op it gebrûk fan de taal. Dat blykt net it gefal te wêzen.

Perfester Lange seit dat der lykwols ek goed nijs is: it byld fan it Noard-Frysk wie yn it ferline gauris tige negatyf en dat is no net mear sa. Hy seit: “De Fryske taal en kultuer wurde sjoen as ûnderdiel fan de eigen identiteit en in twatalige opfieding wurdt net langer beskôge as as neidiel. Foar in grut part fan ‘e ynformanten wie it in foardiel foar bern. Dat is sûnder mis it resultaat fan taalbelied en fan in algemiene tendins om regionaal kultuergoed wer te wurdearjen.”

Op it stuit binne der yn Noard-Fryslân sechtjin basisskoallen en trije skoallen foar fuortset ûnderwiis dy’t les jouwe yn de Noard-Fryske taal. Op ien skoalle wurdt it Noard-Frysk ek as fiertaal by oare fakken brûkt. Neffens de ûndersikers is dat fierste min om bern dy’t thús gjin Frysk prate mei de taal fertroud te meitsjen.

febrewaris 9, 2020 20:32
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Jaap febrewaris 10, 10:50

    “…it gebrûk fan it Noard-Frysk ….”. Is “brûken” yn dit gefal net moaier as “gebrûk”?

  2. Tsjerk febrewaris 10, 10:59

    ‘Brûken’ is grif better. ‘Ge-‘ mar mije.

  3. H. febrewaris 10, 12:21

    De lofsang fan Marije, út it Lukasevangeelje, oerset troch Gysbert Japiks:

    Dy honger-hôlle buwck
    Hy foll’t mey goede gebruwck.
    d’ Rijck’ gierseck hy ontleget.

    En de bruorren Halbertsma skriuwe yn harren Rimen en teltsjes:

    … en doe rikte er, lykas it gebrûk wie, it ponkje earst oan de grytman ta, …

    Trinus Riemersma skriuwt yn syn Reade bwarre:

    Dur sil gebrûk makke vurre fon ollerhonde kattegoryen fon vudden: …

    Foar ús grutste skriuwers wie ‘gebrûk’ moai genôch. Woenen jim it wier better witte?

  4. Jaap febrewaris 10, 16:33

    Jaap
    Ik sis net dat ik it better wit, mar de foarbylden fan H (anonym!) binne net itselde as yn it stikje dêr’t it oer it brûken fan … (folje mar yn) giet.

  5. Henk febrewaris 10, 21:21

    Der binne ek foarbylden dy’t tichter by it hjir neamde lizze en dêr’t men ek ‘brûken’ brûke kin, lykas yn de Rimen & teltsjes:

    Want dy soenen miene, dat se harsels de glêzen útsmieten, as se it gebrûk fan sterke dranken tsjingongen.

    Of yn Riemersma syn De skjintme vurt ferbwôlgwódde:

    Ik ken dut faaks ylústrjerje oan ut gebrûk fon tytels. Tony Feitsma hat útsteld óm de dokterstytel – en dot betsjut bij ainslútten òlle tytels – ô te skaffen.

    ‘Brûken’ en ‘gebrûk’ komme yn de bedoelde betsjutting trochinoar hinne foar. It WFT neamt ‘gebrûk’ sûnder ôfkarring.

    Yn de Fryske grammatika op Taalportaal wurdt it Fryske ge- wiidweidich behannele en der wurdt wiisd op de eangst dy’t by guon Friezen bestiet om it te brûken, om’t it te’n ûnrjochte as hollandisme beskôge wurdt. Sjoch:
    https://taalportaal.org/taalportaal/topic/pid/topic-14146650026898310

  6. Mink febrewaris 12, 11:54

    Mink
    Dit berjocht oer it ferdwinende en al ferdwûne Noardfrysk en benammen de réaksjes te uzes dêr op binne drôf treffend foar it nifo fan it tinken en petearjen sa’t it ûnder de ‘bewuste Friezen’ fanâlds stal kriget. Oer de pynlike ynhâld gjin wurd. Al ge ! mekker oer al as net geef Frysk. Mei sokke taalfreonen hat it Frysk gjin fijannen nedich. Sok jeuzeljen hâldt se meiinoar dwaande en jout de fijannen frij spul om ja-ja sizze te bliuwen en op de lange baan ge ! woan nee te dwaan.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.