Goed acht ton foar ûndernimmers

febrewaris 5, 2020 09:02 Fernijd

De leechdrompelige subsydzjeregeling foar ûndernimmers is wer iepen. Dit jier hat de provinsje Fryslân € 850.194 beskikber foar ûndernimmers dy’t oan ’e slach gean mei sirkulêre ekonomy, rekreaasje en toerisme, duorsumens, ynnovaasje, personielsbelied of digitalisearring. Undernimmers kinne in “voucher” oant € 2.500 oanfreegje as sy foar harren bedriuw saakkundich advys ynhiere wolle.

Deputearre Sander de Rouwe: “De Fryske ekonomy bestiet foar in grut part út MKB-bedriuwen. Om bedriuwsûntwikkeling en ynnovaasje te stimulearjen, hawwe wy in leechdrompelige regeling ûntwikkele. De regeling is ferbettere en rjochtet him no ek yn it bysûnder op sirkulêrens en duorsumens.”

Ljouwert (foto: Provinsje Fryslân)

De voucher-regeling bestiet út twa parten: € 550.194 is reservearre foar de ûnderwerpen ynnovaasje en bedriuwsûntwikkeling. Dêrneist is foar strategysk advys oer personielsbelied € 300.000 útlutsen.

Wizigings
Yn 2018 en 2019 is de voucherregeling ek iepensteld. Utgeande fan de foargeande jierren binne der in pear wizigings. Nij is dat no ek subsydzje oanfrege wurde kin foar it folgjen fan trenings oer it ûndernimmen. Fierder kin subsydzje út dizze regeling oanfrege wurde foar fraachstikken oer sirkulêre ekonomy, duorsumens en rekreaasje en toerisme.

Betingsten
De subsydzje kin fan 3 febrewaris 2020 oant en mei 31 desimber 2020 oanfrege wurde. De provinsje Fryslân subsidiearret oant de helte fan de totale advyskosten mei in maksimum fan € 2.500 en in minimum fan € 500 de oanfraach.

Mear ynformaasje oer de subsydzjevoucherregeling MKB Fryslân is hjir te finen.

febrewaris 5, 2020 09:02 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.