Fryske lânskippen yn eksposysje yn Snits

febrewaris 2, 2020 08:56 Fernijd

Oant en mei 7 maart 2020 is in nije eksposysje te besjen by Bax Kunst yn Snits. De earste eksposysje fan 2020 is in groepsútstalling. It Fryske lân komt yn ferskate ferrassende techniken ûnder de oandacht. In samling fan oan de Galery ferbûne artysten docht dêr oan mei.

Wurk fan Tjeerd Landman

De ynstek om Fryske keunstners yn it sintsje te setten past yn it gedachtegoed fan Galery Bax Kunst fan de lêste jierren. It sukses fan Kulturele Haadstêd 2018 kriget dêrmei in passend ferfolch. De ekposanten binne Peter Bonnema, Jaap van Dijk, Hendrik Elings, Reinder Homan, Igor Kusmirak, Tjeerd Landman, Imke Meester, Tryntsje Snelter-Folmer, Martin Sijbesma en Annemarie IJssels. Keunstner Bart Bosma fan Snits toant syn oaljeferveskilderingen op molkepakken.

De selektearre keunstners makken it moaiste en bysûnderste fan Fryslân. It Fryske lân wurdt toand troch de eagen fan de keunstners. It Waad, de loften, de flaktes, de marren en de mearsidigens fan ús omjouwing komme foar it ljocht.

febrewaris 2, 2020 08:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.