Fryske froulju winne goud op wrâldbekerwedstriden yn Dresden

febrewaris 9, 2020 19:24

De Nederlânske frouljusploech, mei dêryn de Friezinnen Suzanne Schulting en Rianne de Vries, hat snein de ploege-efterfolging wûn op de wrâldbeker yn Dresden. Yn de finale wie de ploech, dy’t fierder bestiet út Lara van Ruijven en Yara van Kerkhof, te rap foar Sina.

Nederlân pakte by de start de kopposysje en joech dy net mear fuort. Earst rekke Sina út it spul. Healwei de race foel ek Súd-Koreä en dêrmei like de winst al ynbard. Japan koe it tempo net byhâlde, mar Sina kaam knap werom. Schulting soarge der yn de lêste omgong lykwols foar dat Fan har net passearre koe. It brûns wie foar Japan. Súd-Koreä einige op gruttere efterstân op it fjirde plak. It is de earste oerwinning foar Nederlân op de relay dit seizoen. Troch de winst makket de frouljusploech ek in spronkje yn it wrâldbekerklassemint.

Brûns foar manlju

De manljusploech, mei de Friezen Sven Roes, Daan Breeuwsma en Itzhak de Laat, waard tredde yn de finale. Súd-Koreä makke tsien omgongen foar de ein ynienen tempo en wie oppermachtich. Nederlân koe dêrefter lang mei Ruslân om sulver stride. De Laat koe Semen Elistratov krekt net mear ynhelje. Sina waard fjirde.

Sjinkie Knegt wie ek yn Dresden, mar allinnich om mei te trainen. Hy heart nei alle gedachten sneintejûn dat er takom wike yn Dordrecht syn rentree meitsje kin. Hy wie by de relayfinales ko-kommentator foar de NOS.

Boarne: Omrop Fryslân

febrewaris 9, 2020 19:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.