Frysk pratende Portugeeske no teset oer Frysk ûnderwiis

febrewaris 7, 2020 19:37

Joana Duarte (boarne twitter / Joana Duarte)

Hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert hat in nije lektor dy’t har dwaande hâldt mei it Frysk. De Portugeeske Joana Duarte is tenei ferantwurdlik foar ûndersyk nei meartaligens en belêzenens, en foar tapassing fan dat ûndersyk yn it ûnderwiis. Hja wurket sawol yn de provinsje Fryslân as yn Drinte en wol dat de talen Frysk en Nedersaksysk in better plak yn it ûnderwiis krije. Hja liet woansdei by har ynauguraasje sjen dat neffens har meartaligens folle normaler wurde moat yn skoallen: net allinnich de regionale talen moatte mear plak krije, mar ek de skoaltalen en de thústalen fan ymmigrantebern.

It waard net dúdlik oft hja is iens wie mei NHL-direkteur Klaas-Wybo van der Hoek, dy’t reagearre op it pleit foar mear meartaligens mei it sizzen dat de diskusje oer feringelsking no ek ôfsletten wie, om’t it logysk wie dat studinten yn in ynternasjonale oplieding har kennis yn in ynternasjonale taal ta harren nimme. Wol tige optein wiene de jonge ûndersikers mei wa’t frou Duarte oparbeidet. Hja lieten de seal sjen hoe’t men op in boartlike manier, mei dûns, in frjemde taal leare kin. Sels yllustrearre de nije lektor hoe’t men mei meartalige PowerPoints maklik in foar learlingen ûnbekende taal as fiertaal yn de les brûke kin, sadat se dêr wat fan opstekke.

Frou Duarte folget Alex Riemersma as lektor Frysk en meartaligens, en Jan Berenst as lektor taalgebrûk en learen op. It Frysk is formeel gjin ûndersyksmêd fan de nije lektor mear, mar hja sil der wol in protte omtinken oan jaan. Hoewol’t hja noch mar in pear jier yn Fryslân wennet, praat se de taal al flot. Hja hat formeel noch wol in ûndersykstaal op it mêd fan it Dútsk en Drintsk. Dy earste taal praat hja al flot, de twadde is se oan it learen.

febrewaris 7, 2020 19:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.