‘Frijheid anno no’ yn it Frysk Fersetsmuseum

febrewaris 25, 2020 08:56

It Frysk Fersetsmuseum hat in nije presintaasje makke mei as tema Frijheid anno no. Alve Friezen mei ferskillende eftergrûnen fertelle yn it museum harren eigen ferhaal oer frijheid. Hoe frij fiele hja har om harsels te wêzen, harren berop út te oefenjen of in religy oan te hingjen? De fotoportretten en ynterviews binne yn opdracht fan it museum makke troch Sjoerd Litjens, dy’t earder wurke oan it projekt Iepen Doar(p).

Foto: Marieke Balk

It is ûnderwyls 75 jier lyn dat de Twadde Wrâldoarloch ta in ein kaam. Al gau nei de befrijing hawwe wy in oantal wetten en rjochten opsteld, dy’t de frijheid fan alle minsken garandearje moasten. In ferneamd foarbyld is de Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske, dêr’t de grûnrjochten fan elts yndividu yn fêstlein binne. Yn it ramt fan 75 jier befrijing stelde it museum alve minsken út Fryslân deselde fraach: Hoe frij binne jo? Troch wa’t hja binne, harren eftergrûn of situaasje, moatte hja de rjochten dy’t de measte minsken as fanselssprekkend beskôgje, soms noch hieltyd befjochtsje.

Friezen oer frijheid
It resultaat is in searje yntime portretten en ferhalen. Bygelyks fan Gerda út Ljouwert. Hja hat in lang en tawijd tsjerklik libben efter har. Oant har fyftichste wie hja troud mei in dominy. It beslút om har libben diele te wollen mei in frou hie en hat grutte gefolgen. Of Meysam, dy’t syn passy foar dûnsjen ûntduts op jonge leeftyd. Yn Iran, binnen de strang Islamityske húshâlding dêr’t er yn opgroeide, wie en is der foar dûnsjen gjin plak. No hat er in eigen dûnsskoalle en jout er op ferskate plakken yn Fryslân dûnsles oan bern.
Untdek it ferhaal fan Gerda, Meysam en njoggen oaren yn it Frysk Fersetsmuseum oan ’e hân fan ynkringende portretten fan Marieke Kijk in de Vegte en Kees Muizelaar. De iepenhertige ynterviews troch Sippy Tigchelaar en Sjoerd Litjens binne neist de portretten te lêzen en te belústerjen.

75 jier frijheid
Mei de nije presintaasje is it Frysk Fersetsmuseum klear foar de takomst en it betinkingsjier 2020. Guon foarwerpen binne wiksele en útstallingsteksten wurde tenei yn fjouwer talen oanbean. Dit jier is it 75 jier lyn dat de Twadde Wrâldoarloch ta in ein kaam yn Nederlân. It hiele jier wurde der spesjale aktiviteiten, betinkingen en eveneminten organisearre. It Fries Verzetsmuseum docht dêr ek oan mei. Neist de fêste opstelling biedt it museum fan 11 april 2020 o/m 6 septimber 2020 in poadium foar ferskate projekten yn it kader fan 75 jier frijheid yn Fryslân.

It Frysk Fersetsmuseum is part fan it Frysk Museum.

febrewaris 25, 2020 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.