Frâns Kuipers: Ekonomy & Polarisaasje

febrewaris 29, 2020 08:40

Kollum

It is wer sa’n bytsje de tiid om de belesting te regeljen. Soks giet hjoed-de-dei maklik mei help fan de app Mijn Overheid. Mei jo eigen DigiD kinne jo maklik op ‘Belastingen’ ynlogge en dan steane de measte sifers al teplak op de formulieren. Jo sjogge direkt hoe’t jo derfoar steane. Yn ús (westerske) wrâld draait eins alles om jild. Mei in soad jild kinne jo mar raak libje en sûnder jild komme jo meastal net al te fier; ekonomysk sjoen! De ûnsichtbere krêft fan sawat al ús hâlden en dragen is de ekonomy. ‘It ’s all economy, stupid, sei de doetiidske presidint fan de FS Bill Clinton yn 1992. De Bibel hat it oer de Mammon, dy’t jo de baas spylje litte yn jo libben of just net; mar dêr giet it no net oer.

Hoe dan ek: sawat foar alles yn de wrâld is in groeiende ekonomy ûnmisber, ek al giet de wrâld troch in aloan groeiende ekonomy úteinlik nei gychem. Eins alles wat ús oerheid docht en dwaan moat, en wêr’t ús folksfertsjintwurdigers – benammen yn ferkiezingstiid – oer roppe, hat te meitsjen mei ekonomy. Ferkiezingsjier 2021 stiet deroan te kommen. Is ekonomy ús ûnsichtbere geast? Ekonomy is net te sjen, mar wol dúdlik te fernimmen. Krektlyk as de wyn net te sjen, mar wol te fielen, te fernimmen is? “Onze Heilige Economie, U zij geprezen”, sei kabarretier Pieter Derks by syn âldjierskonferense fan 2019.

Smoarriken

Yn Nederlân wenje goed 116 tûzen miljonêrs en 26 miljardêrs. Safolle riken hat Nederlân noch nea hân! Wrâldwiid binne der 2.325 miljardêrs (neffens Wikepedia). Yn Amearika besiket miljardêr Bloomberg de presidintsferkiezingen mei protten jild te keapjen. Hoe bestiet it! Underwilens docht Trump net foar Bloomberg ûnder. Kinne wy fêststelle dat grut-kapitalisten oeral yn de wrâld oan de toutsjes lûke? Oeral? Ek by ús? Steane ús politisy fan de gruttere partijen yn tsjinst fan de ekonomy en fan it grutte jild? Hoe kin it oars dat – mei help fan betûfte belestingspesjalisten – miljonêrs en miljardêrs sa min mooglik of, as it heal kin, hielendal gjin belesting betelje? Wat is de rol fan gewoane minsken?

Jild fertsjinje of …

As immen syn/har jild earlik fertsjinnet, dan hawwe de measte minsken, dus ek earmere minsken, dêr net safolle muoite mei. Hja binne der soms sels grutsk op. “Ja, hy wennet by ús yn `e buert!” Dat soks soms sa belibbe wurdt, waard (my) ôfrûne snein dúdlik yn it ynterviewprogramma Buitenhof op NPO1. Kees van der Lede, earder foarsitter fan VNO, waard ynterviewd. Hy hat tegearre mei Joris Luyendijk – in ‘linksige’ sjoernalist – in kritysk boek skreaun mei as titel Pessimisme is voor losers. It giet (ek) oer rykdom, it ûntdûken fan belesting en oer de elite, dy’t yn in ‘bobbel’ libbet. Kees van der Lede jout oan dat it Nederlânske belestingsysteem benammen goed útpakt foar dyjingen dy’t al ryk binne en/of in protte fertsjinje. Nederlân is foar rikeren in belestingparadys?

Wa betellet it?

De measten hâlde der gjin rekken mei dat it gewoane folk ‘opdraait’ foar ûnearlike belestingôftrek en it politike misbelied. Ik hearde koartlyn in sterk ferhaal op dit mêd. Ik stie by immen – mei aardich wat jild op ’e bank, sa die bliken – oan in barke yn in kroechje te praten mei in gleske yn ’e hân. Hy wie pake wurden en joech in rûntsje. Hy fertelde dat er, as jefte, € 400.000,00 op de bankrekken fan dat jonkje set hie. “Dan hat er alfêst wat ekstra’s foar de takomst en ik kin dit bedrach moai ôflûke fan de belestingen.” Hy blierke! Ik sei: “Soks kinst dochs net meitsje? Wa betellet dat úteinlik?” Dat mocht, want it foel binnen de regels fan de belêstingen! Ik stie mei de mûle fol tosken. Kees van der Lede hat gelyk.

Yn grutter ferbân draait de mienskip, it gewoane folk, op foar tekoarten by en troch de oerheid. Doe’t yn 2009 guon banken, lykas de ING en ABN-AMRO, op omfallen stiene, hat de ryksoerheid sokke banken út ’e stront holpen. Topman Ralph Hamers fan de ING frege dêrnei fuortendalik opslach; sa’n 3 miljoen euro! Gerrit Zalm koe it laitsjen ek net litte, wit ik noch wol. Troch in grut tal lytse ferhegingen fan alderhande belestingtariven is dat wer rjochtlutsen. ‘Vele kleintjes maken één grote.’

Polarisaasje

Inoar de bal taspylje, is ek sa’n ferneamd spultsje by inner circles of good old boys networks’. Dy ‘wurkwize’ wurdt ek wol de banen-caroussel neamd troch in man as Thierry Baudet fan FvD. Sa stiene der op 13 febrewaris lêstlyn oer it foargeande in pear stikken yn de NRC. It gie oer de provinsje Limboarch, dêr’t âld-politisy inoar goed betelle baantsjes taskowe. Minister Olongren hat, doe’t se dêrfan hearde, daliks yngrepen. It provinsjebestjoer fan Limboarch hat ek yngrepen. De NRC betitele dy hannelwize as nepotisme; in meganisme dat al yn de midsiuwen yn de tsjerken en rikere famyljes spile. ‘Wy soargje goed foarinoar’, is harren kultuer. Skûlet dêr de oarsaak yn wêrom’t de measte minsken – oer (sawat) de hiele wrâld – gjin betrouwen (mear) hawwe yn (harren) oerheden? Untstiet sa de aloan tanimmende polarisaasje? It gewoane folk wol net (langer) laat wurde troch pommeranten dy’t inoar de hân boppe de holle hâlde. Skoare partijen as Foarum foar Demokrasy mei Thierry Baudet en de PVV fan Wilders dêrom sa goed? Wa sil it sizze?

febrewaris 29, 2020 08:40
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Doeke Kuipers maart 1, 11:12

    Frans, dit wurdt it gewoane “klootsjesfolk”,troch slimme politysie, al tich jierrenlang gewoan wiis makke. It seleketieve geheugenferliis fan Rutte docht neffens my mear skea.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.