Folkband CCC Inc. yn Neushoorn

febrewaris 14, 2020 10:28

CCC Inc. nimt de besikers fan Neushoorn op 22 febrewaris mei nei It Amerikaanske plattelân fan eartiids. De folkmuzyk set oan ta dûnsjen en swingen.  

CCC Inc. (foto: Jaap Reedijk)

Wa’t nei CCC Inc. harket, waant him op it plattelân fan de súdlike Feriene Steaten. Dochs komt de seiskoppige band gewoan út Nederlân. CCC Inc. waard yn 1967 yn Amsterdam oprjochte ûnder de namme Capital Canal City Folk & Blues Incorporated. Trije jier letter waard de band bekend troch op te treden op it haadpoadium fan it legindaryske popfestival fan Kralingen. Sunt is CCC Inc. bûtengewoan suksesfol yn it klupsirkwy en wurdt it hûsorkest fan Paradiso, de Melkweg en de Kosmos.

Oant hjoed-de-dei meitsje Joost Belinfante, Ernst Jansz, Jaap Beusekom en Huib Schreurs diel út fan de besetting. Lokale wurdkeunstner Jakobus Seunninga feroarget it foarprogramma mei syn gitaarklanken en ferskes oer de leafde.

Datum: sneon 22 febrewaris, 20.00 oere
Lokaasje: Neushoorn Ljouwert
Yntree: € 19,- regulier, € 14,75 CJP

febrewaris 14, 2020 10:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.