Fjirde seizoen ‘Dream School’ yn maart fan start

febrewaris 11, 2020 11:46

Foar de fjirde kear iepenje boksleginde Lucia Rijker en rektor Eric van ’t Zelfde de doarren fan it âld-kleaster yn ’e bosken by Hilversum. Dêr gean fjirtjin iere skoalferlitters trije wike lang de konfrontaasje mei harsels oan. In grutte stap, net yn it lêste plak om’t it ritme dêr’t se mei úteinsette, heaks op har hjoeddeiske ritme stiet.

Foto: NTR

Lucia en Eric binne derop út dat de jongeren har âlde pinen loslitte kinne, destruktive oerlibbingsmeganismes trochbrekke en mei nije mooglikheden nei hûs ta gean. Om dat doel te berikken gean se gjin petear út de wei.

En de dosinten fan de dreamskoalle jouwe ek mei dy yntinsje les. Sjoernalist en presintator Hanneke Groenteman, snowboardster Bibian Mentel, ofsier fan justysje Wouter Bos, Worsten van Babel Hugo, Jasper en Marius, aktrise Melody Klaver, fotograaf Jimmy Nelson, goreograaf Juvat Westendorp, skriuwer Philip Huff, politikus Sylvana Simons, kofjemakkers ‘Heilige Boontjes’, sûn-iten-propagandist Rob Baan, ferslavingsekspert Maarten Dammers, politikus Klaas Dijkhoff, Oranje Liuwin Dominique Bloodworth en falkenier Fares Boustanji.

It binne allegear minsken dy’t harren passy oerbringe wolle en de jongelju perspektyf biede wolle. Faak slagget dat, al is it in hobbelige dyk fol prikels fan djipwoartele fertriet, falkûlen fan âld hâlden en dragen en ûntregeljende groepsdynamyk. Mar de oerwinnings dy’t de jongelju op harsels behelje en de stappen dy’t sy, ek nei de dreamskoalle, sette rjochting in selskeazen takomst meitsje alle muoite, frustraasje en soms sels wanhoop fan sawol de learlingen sels as Lucia, Eric en de dosinten mear as wurdich.

Utstjoerings: fan tiisdei 3 maart ôf, tolve tiisdeis efterinoar om 20.30 oere op NPO 3.

febrewaris 11, 2020 11:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.