Finale persoanlike kampioenskippen Frysk damjen foar de jongerein

febrewaris 17, 2020 09:35

Ofrûne sneontemiddei wiene der fjirtjin jonge dammers nei Skearnegoutum ta kommen om de titel Frysk kampioen te winnen. De lieding wie yn hannen fan Sjouke Attema, mei help fan Jurjen Frankena en Gatze Ykema. De dammers wiene yn trije klassen ferdield.

Kampioen by de begjinners Wytse Breeuwsma (foto: DFS / Jurjen Frankena)

By de begjinners diene Wytse Breeuwsma, Ids Delea, Mirte Hannema en Freark Smink mei. Dy spilen in dûbele kompetysje, dat se moasten twa kear tsjininoar. Nei de 1e omloop wiene der trije dammers mei twa punten, dus it koe yn de 2e omloop noch alle kanten op. Yn de 2e omloop waard der ek hiel bêst damme en oan de ein die wol bliken dat Wytse Breeuwsma mei fjouwer punten de winner wie. Ids en Mirte hiene elk trije punten en moasten dêrom noch in beslissingspartij damje. Mirte joech Ids goed partij, mar moast oan ’e ein dochs belies jaan. Hjirûnder de útslaggen op in rige.

1e  Wytse Breeuwsma 4 punten
2e Ids Delea 3 punten, nei beslissingspartij 2e
3e Mirte Hannema 3 punten, nei beslissingspartij 3e
4e Freark Smink 2 punten

De pupillen wiene mei in groep fan seis dammers en dêr diene mei: Wytse Wiegersma, Neeltsje Ykema, Jorrit Frankena, Teije Stor, Brecht Ykema en Janke Delea. Nei trije partijen koe it alle kanten noch op en kaam it dochs op de lêste partijen oan om de beslissing te bringen. De measten wiene goed oaninoar weage en der waarden betiden moaie setsjes úthelle. Wa’t de winner wie, dêr bestie gjin twivel oer, Jorrit Frankena hie alle partijen wûn en waard dêrtroch fertsjinne kampioen.

Kampioen by de pupillen Jorrit Frankena (foto: DFS / Jurjen Frankena)

Om it 2e, 3e en 4e plak wie it noch hiel spannend, want Neeltsje, Wytse en Janke hiene allegear trije punten en ek mei it SB-systeem hiene se allegear like folle punten. Dus dêr waard noch in lytse kompetysje tusken dy trije damme.

Earst spile Wytse tsjin Janke en troch in moaie set koe Wytse yn it einspul in daam helje en dêr koe Janke net mear tsjin op, dus winst foar Wytse. Doe mocht Neeltsje tsjin Wytse en dy partij waard wûn troch Neeltsje. Doe wiene der twa dammers mei ien punt en kaam it dochs echt op de lêste partij oan. Se koene allegear op trije punten komme.

Janke moast noch tsjin Neeltsje damje. Neeltsje stie healwei al fjouwer houten foar op Janke, dat je soene sizze, dy partij is al wûn. Mar Janke kaam geweldich werom en helle in daam en brocht har efterstân werom. Neeltsje hie noch ien hout en in daam en Janke hie har daam poer bêst stean en Neeltsje kaam der mei har hout net mear troch hinne, dus it waard kamp.

 

 

 

De stân waard as folget:
1e Jorrit Frankena 5 punten
2e  Neeltsje Ykema 3 punten, nei beslissingspartijen 2e
3e  Wytse Wiegersma 3 punten, nei beslissingspartijen 3e
4e  Janke Delea 3 punten, nei beslissingspartijen 3e
5e Teije Stor 1 punt
6e Brecht Ykema 0 punten

Kampioen by de jeugd Wiebren Ykema (foto: DFS / Jurjen Frankena)

By de jeugd wiene der fjouwer dammers nei de finale gien en dat wiene: Eelco de Wolff, Wytze Zeinstra, Harmen Jacob Postma en Wiebren Ykema. Sy moasten dizze middei trije partijen spylje om te sjen wa’t de nije kampioen waard. Nei twa partijen stie Wiebren der it bêste foar mei 2 punten, mar Eelco hie al 1,5 punt en moast noch tsjin Wiebren. Dus de lêste partij gie om it kampioenskip. It wie net de dei fan Harmen Jacob, want yn de foarrûnte alles wûn en dizze dei hie er alle partijen ferlern. De partij tusken Wiebren en Eelco wie al gau beslikke yn it foardiel fan Wiebren dy’t dêrtroch kampioen waard en syn broer opfolge dy’t foarich jier noch kampioen waard. It wie wol de dei fan de beslissingspartijen, want ek hjir moast om it 2e en 3e plak spile wurde troch Eelco en Wytze. Se hiene al kamp tsjininoar spile dus se wiene oaninoar weage, mar Eelco luts oan it langste ein en waard dêrmei 2e. Hiel knap fan Eelco, want hy hie him noch krekt pleatst foar finale en dan ek noch 2e wurde. De útslach wie as folget:
1e Wiebren Ykema 3 punten
2e Eelco de Wolff 1,5 punt, nei beslissingspartij 2e
3e Wytze Zeinstra 1,5 punt, nei beslissingspartij 3e
4e Harmen Jacob Postma 0 punten

Ferslach: Sjouke Attema

febrewaris 17, 2020 09:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.