Falentynsdei  

febrewaris 9, 2020 07:16

Skôging

Kommende freed, 14 febrewaris, is it alwer safier. Dan geane in soad minsken wer hielendal út ’e skroeven. In kaart of in kadootsje is dochs wol it minste wat immen har of syn leafste jaan kin, neffens de kommersje.

It giet mar troch, it beynfloedzjen fan elkenien. Earst Halloween, dan Swarte freed, en miskien ek in bytsje by Blauwe moandei, hoewol’t de oarsprong dêrfan in oare bestjutting hat. Foarhinne wie fan de saneamde kommersjele trúks allinnich wat te fernimmen as yn desimber de krystman syn yntree die ynstee fan Sinteklaas. Dat slagge neffens my lokkich net hielendal. Mar mei al dy protestaksjes wurdt it de kommende tiid hieltyd dreger. Alles komt fansels út Amearika. Dêr witte se alles fan marketing en wy hjir hobbelje der mar wat efteroan.

Ut soarte is de psychology dat men alles foar syn leafste oer hat, al is it mar in kaart mei hertjes derop. Eins wurdt it – stikem of net – dochs ferwachte troch de partner. En ear’t men it wit stiet men by in parfumerywinkel of blommesaak, wylst de blommen yn dy tiid wol twa kear sa djoer binne as oars.

Histoarje
14 febrewaris wie oarspronklik de nammedei fan Sint Valentinus (226-269), útroppen yn 496 troch Paus Gelasius. Valentinus wie in biskop yn Italië en tige soarchsum foar de earmen, siken ensafuorthinne. Koartsein, foar minsken dy’t yn ’e nederklits telâne kommen wiene.

Yn de Feriene Steaten kenne se dit feest al iuwen. Al yn 1660 bestiet yn Ingelân in gewoante yn de hegere klasse fan de maatskippij om inoar in kado te jaan mei de namme Valentin. Yn 1969 is dizze hillige ferballe troch it Fatikaan te Rome. Pas letter is it ferhaal ûntstien fan de muonts broer Falentyn en kaam de tradysje fan it stjoeren fan in blomke yn ’e swang. Earst wie it wizânsje om earbetoan te jaan as utering fan freonskip en wurdearring, bygelyks in blomke foar frijwilligers. Nei alle gedachten is út de blommenyndustry wei it idee lansearre, om’t nei de Twadde Wrâldoarloch de ferkeap fan blommen min ferrûn.

Hjoed-de-dei giet it net allinnich om miljoenen kaarten, mar ek in soad advertinsje, diners, feesten en fansels de webwinkels, dy’t der in allemachtich protte jild oan fertsjinje. Dat der is in ferskowing fan respekt foar immen nei dyn leafde ûnstien troch ynfloed fan de kommersje, romantyske telefyzje- útstjoeringen en feroaring fan de minsken sels.

Fansels binne der ek minsken dy’t sizze, ik doch der net oan mei, mar dy ferlieze de striid wierskynlik. Benammen fine de jongelju it prachtich om fia de sosjale media oandacht te jaan oan in freon of freondin. Wy moatte mar ris sjen hoe’t it der oer tsien jier foarstiet, want eins hat dy dei net sa folle om ’e hakken.

Matthijs Verkuijl

febrewaris 9, 2020 07:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.