Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (107; lêste ôflevering)

febrewaris 29, 2020 07:14

De twa geboaden

boarne: http://www.underthesunblog.com

“Ik haw alle macht yn ’e himel en op ierde. Gean no op paad en meitsje fan alle folken myn learlingen. Gean de wrâld yn en fertel de hiele skepping it goede nijs, it bliid boadskip. Dy’t it nijs leauwe en har dope litte, sille rêden wurde. Doop har yn ’e namme fan de Heit en de Soan en de hillige Geast. En lear har om alles te dwaan wat Ik jim leard haw. Wa’t yn My leaut, sil oaren better meitsje kinne en har befrije fan wat har pleaget. Har kwelgeasten sille útnaaie en se sille hoop krije en moedich wurde. At se siken de hannen oplizze, sille dy wer sûn wurde kinne. En Ik bin alle dagen mei jimme, oant de tiid fan ’e wrâld om is.”

En de apostels jouwe har op wei en fertelle rûnom it goede nijs fan it evangeelje. En God docht troch harren wûnderwurken fan leafde en bettering. Sa lit Er sjen dat it wier is wat se sizze. Nije mienskippen springe as gers út ’e grûn en de minsken hâlde faninoar en fan God en sa libbet de Goede yn har.

Wa’t fan minsken hâldt mar net fan God, stelt gjin noarm en bedjert himsels en syn meiminske. Sokke leafde fersloppet en ferwylget en ferstjert.

Wa’t fan God hâldt mar net fan minsken wurdt in twingboal dy’t oaren de wet stelt en har hurd behannelet. Sokke leafde wurdt hurd en ûnbûchsum en deadsk. Hâld dêrom beide geboaden libben.

De Hear is ien: hâld fan Him
mei hiel dyn hert en siel, al dyn krêft en ferstân.
Dêroan gelyk is it twadde gebod:
haw dyn meiminske leaf as dysels.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
febrewaris 29, 2020 07:14
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Bakker febrewaris 29, 08:14

    Moai. Tank foar dizze rige.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.