Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (106)

febrewaris 22, 2020 10:25

Alde fiskers, nije hoeders

Raphael (1483-1520), De wûnderlike fiskfangst

Petrus-en-dy binne oan it fiskjen yn ’e mar fan Galileä as Jezus by har del komt. De fangst is grut. Petrus springt fan wille yn ’e mar en peazget troch it wetter nei Jezus ta. Se meitsje in fjoer en bakke de fisk. Dêr, op ’e wâl fan ’e mar, yn ’e iepen loft, brûke se it miel. Jezus brekt it brea mei har en sprekt de seinebea út. Nei it miel seit Jezus tsjin Simon Petrus:
“Simon, soan fan Johannes, hâldsto wier fan My, boppe alles?”
Hy antwurdet:
“Ja Hear, Jo witte dat ik fan Jo hâld.”
En Jezus jout him as opdracht:
“Weidzje myn lammen.”
In twadde kear freget Jezus him:
“Simon, soan fan Johannes, hâldsto oprjocht fan My?”
En Petrus seit tsjin Him:
“Ja Hear, Jo witte dat ik fan Jo hâld.”
En Jezus draacht him op:
“Hoedzje myn skiep.”
In tredde kear freget Jezus him:
Simon, soan fan Johannes, hâldsto fan My?”
Petrus wurdt tryst, omdat Jezus foar de tredde kear tsjin him seit: “Hâldsto fan My?” En hij seit tsjin Him:
“Hear, Jo witte alles, Jo witte dat ik Jo leaf haw.”
En Jezus seit tsjin him:
“Weidzje myn skiep. Ik sil dy sizze: doe’tsto jonger wiest, diest sels dyn ûnderkleed oan en dyn gurdle om en do gongst oeral hinne dêr’tst hinne woest. Mar ast âld bist silst de hannen útstrekke en in oar sil dyn ûnderkleed oandwaan en dyn gurdle om en dy bringe wêr’tst net hinne wolst.”
Dat seit Jezus om oan te jaan mei hokker dea as Petrus Gods gloarje ferkundigje sil.
Dan jout Jezus Johannes de wink om tegearre mei Him fuort te gean. As Petrus dat sjocht, freget er oan Jezus:
”Hear, wat sil der mei Johannes barre?”
Jezus antwurdet:
“As soe Ik wolle dat er bliuwt oant Ik weromkom oan ’e ein fan tiden, wat giet dy dat oan? Gean do no mar op paad en bring myn lear yn ’e praktyk en stiftsje in bloeiende mienskiep fan minsken dy’t inoar helpe en faninoar hâlde.”
Troch dat antwurd tinke guon bruorren dat Johannes net stjerre sil. Mar dat hat Jezus net sein. Hy hat allinne mar sein dat it Petrus net oangiet wat Hy mei Johannes foarhat. De Goede libbet yn Petrus en yn Johannes.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
febrewaris 22, 2020 10:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.