Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (105)

febrewaris 15, 2020 07:05 Fernijd

De mistrouwige Tomas

Caravaggio (1489-1534), De mistrouwige Tomas

Op in jûn binne de apostels gearkommen en de doarren sletten omdat se bang binne foar har fijannen. Dan komt Jezus by har en seit:
“Frede tawinske!”
As Er dat sein hat, lit Er har syn hannen en syn side sjen. Elkenien is bliid dat se no de Hear sjogge. Jezus seit nochris:
“Frede foar jimme! Lykas de Heit My stjoerd hat, stjoer Ik jimme.”
En dan blaast Er nei harren en seit:
“Untfang de hillige Geast! Wa’t jim de sûnden net oanrekkenje, dy wurde de sûnden net oanrekkene.”
Mar Tomas, ien fan ’e tolve, is net by har. De oare apostels sizze letter tsjin him:
“Wy hawwe de Hear sjoen!”
Mar hy seit tsjin har:
“Ik leau net as ik yn syn hannen net de groeden fan ’e spikers sjoch en mei de finger net de wûne fan ’e spear yn syn side fiel.”
Acht dagen letter binne de apostels wer yn it hûs en Tomas ek. Jezus komt by har en seit:
“Frede tawinske!”
En dêrnei seit Er tsjin Tomas:
“Fiel mei dyn finger de wûne fan ’e spear yn myn side en sjoch nei myn hannen, en wês net mistrouwich mar leauw!”
De mistrouwige Tomas leaut no en ropt út:
“Myn Heare en myn God!”
Jezus seit tsjin him:
“Omdatst My sjoen hast, leauste? Seinige binne sy dy’t net sjoen hawwe en dochs leauwe.”
De Goede libbet yn Tomas en de apostels.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
febrewaris 15, 2020 07:05 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.