Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (104)

febrewaris 8, 2020 07:55

De frjemdling ûnderweis nei Emmaüs

Duccio di Buoninsegna (1308-1311), alterretabel út de katedraal fan Siena

Efkes bûten Jeruzalem leit it doarp Emmaüs. Kleopas en in oare learling binne ûnderweis dêrhinne at se mei in frjemdling begjinne te praten oer wat der yn Jeruzalem bard is. De learlingen fertelle dat Jezus opstien is neffens de froulju, mar sels leauwe se dat net. Dan seit de frjemdling:
“It is net ferstannich en it jout gjin blyk fan fertrouwen om net te leauwen wat de profeten sprutsen hawwe. Kristus moast ommers dit lijen meimeitsje om syn boadskip it libben te jaan?”
En Hy leit har út hokke oanhellingen út ’e Bibel op Him betrekking hawwe, yn it bysûnder út ’e Psalmen en Jesaja, en Deuteronomium en Levitikus, en Genesis en Exodus, en Daniël en Jona, en Sacharja en Hoseä. Se krije wer moed en drage it hert wer heech. By it jûnsmiel brekt Hy it brea en sprekt de seine út, en dan kenne se Him werom. De Goede libbet yn har.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
febrewaris 8, 2020 07:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.