Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (103)

febrewaris 1, 2020 09:38

De túnman

Antonio da Correggio (1489-1534), Noli Me Tangere

Se fertelle oan Petrus en de oaren wat der bard is, mar dy leauwe har net. Petrus en Johannes drave yn sân hasten nei it grêf ta. Dêr sjogge se de linnen wynsels lizzen. Se rinne it grêf yn en fine de switdoek dy’t om syn holle siet, moai oprôle. De twa freonen geane dan wer nei hûs ta, fernuvere oer wat der bard is.

Maria stiet in eintsje by it grêf wei te gûlen. Immen freget har:
“Wêrom gûlsto?”
Se seit:
“Omdat se myn Hear weinommen hawwe, en ik wit net wêr’t se Him hinnebrocht hawwe. Ik wol syn lea balsemje. Witte jo miskien wêr’t syn lea is?”
Maria tinkt dat se mei de túnman praat. Jezus seit tsjin har:
“Maria!”
Se sjocht Him oan en seit:
“Master!”
Jezus seit tsjin har:
“Ik kin hjir no net langer wêze, want Ik moat earst by myn Heit wêze, dy’t myn God is en dyn God. Ik sykje jim letter op.”
De Goede libbet yn Maria.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
febrewaris 1, 2020 09:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.