Dwerse tinkers – mei Özcan Akyol

febrewaris 19, 2020 08:56 Fernijd

De NTR stjoert yn de Boekewike de fiifdielige searje Dwarse denkers út, presintearre troch skriuwer en kollumnist Özcan Akyol. Alle wurkdagen siket Eus in bekende Nederlânske skriuwer of kollumnist thús op foar in petear oer syn of har favorite rebellen.

Eus en Maarten ’t Hart (foto: NTR)

Hokker literêre en kulturele dwerstinkers hawwe harren ynspirearre en hokker hillige húskes hawwe sy omskopt? De gast nimt Eus ek mei nei in plak dat foar him of har in protte betsjut.

Maarten ’t Hart, Herman Brusselmans, Roxane van Iperen, Leon de Winter en Youp van ’t Hek komme mei dwerse en provosearjende foarbylden út de literatuer en kultuer dy’t har eigen paad folge ha en dêrtroch in boarne fan ynspiraasje binne.
Dwarse denkers wurdt útstjoerd yn de Boekewike (7 o/m 15 maart). It tema fan de Boekewike is dit jier ‘rebellen en dwerstinkers’. Özcan Akyol skreau it Boekewike-essee, mei de titel Generaal zonder leger.

Eus en Roxane van Iperen (foto: NTR)

Ofleveringsfolchoarder

9 maart                Maarten ’t Hart
10 maart              Herman Brusselmans
11 maart              Roxane van Iperen
12 maart              Leon de Winter
13 maart              Youp van ’t Hek

febrewaris 19, 2020 08:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.