Deaden en ferwûne minsken by treinûngelok yn Noard-Italië

febrewaris 6, 2020 09:57

Yn it noarden fan Italië binne yn elts gefal twa minsken omkaam by in botsing tusken in hegesnelheidstrein en in frachttrein. It giet om in masinist en in oare meiwurker fan in spoarweimaatskippij. It is net dúdlik yn hokker fan de twa treinen se sieten.

Foto: pixabay.com

It ûngelok barde troch in ûntspoaring fan de hegesnelheidstrein. Dy wie om 05.10 oere út Milaan wei fuortgien foar in rit nei ûnder oare Rome en Napels. Mei’t it in iere trein wie, wiene der net in protte passazjiers. In kertier nei’t de trein fuortgien wie, ûntspoarde er besuden de stêd Lodi troch ûnbekende oarsaak en rekke er de frachttrein. Hy ried op dat stuit 180 kilometer yn ’e oere.

Utsein twa deaden binne der yn elts gefal 27 minsken ferwûne rekke. Twa fan harren binne der min oan ta.

febrewaris 6, 2020 09:57
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. - febrewaris 6, 13:09

    hogesnelheidslijn : gûnsferbining
    hogesnelheidstrein : gûnstrein

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.