De Noardlike Banebeurs op 25 en 26 febrewaris yn MartiniPlaza

febrewaris 21, 2020 08:59

De Noardlike Banebeurs is nijsgjirrich foar elkenien dy’t op syk is nei in útdaagjende baan. De beurs is in ynteraktyf evenemint dêr’t besikers har ûnder oare ynformearje en ynspirearje litte kinne.

Ofbylding: DRT Events

It programma is tige fariearre. Sa is der de mooglikheid om te speednetwurkjen. Speednetwurkje is tige gaadlik foar minsken dy’t harren kânsen op de arbeidsmerk fergrutsje wolle. Der wurdt mei ferskate standhâlders praat en alle petearen duorje in minút. By de elevator pitch wurdt ûnder begelieding fan akteurs in ynspirearjende toer by de dielnimmende stânds lâns makke. Alle standhâlders hâlde in koart praatsje, sadat it publyk nei ôfrin fan de rûngong oer alle nedige ynformaasje beskikt.

Foto: Goldback Solar

De grut opsette banebeurs beskikt oer ferskate pleinen: it technykplein, it soarchplein, it Ryksoerheidsplein, it hanthaveningsplein, it opliedings- en ûntwikkelplein en it IT-plein. Der wurde ek wurkateliers en lêzings holden oer ûnder oare loopbaanûntwikkeling, eigentiidsk sollisitearjen en presintaasjefeardichheden. Dielnimmers kinne yn in ûntspande setting mei fertsjintwurdigers út hast alle sektoaren yn ’e kunde komme. Dy fertsjintwurdigers binne allegear wurksum foar bedriuwen en ynstellings yn de trije noardlike provinsjes: Grinslân, Fryslân en Drinte.

De Noardlike Banebeurs wurdt holden yn MartiniPlaza yn Grins. It evenemint is te besytsjen op tiisdei 25 febrewaris fan 12.00 oant 22.00 oere en woansdei 26 febrewaris fan 11.00 oant 17.00 oere. Foarôf registrearje is net nedich en de tagong is fergees.

Op www.denoordelijkebanenbeurs.nl is mear ynformaasje te finen.

febrewaris 21, 2020 08:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.