De nijste De Nije

febrewaris 16, 2020 16:45

Sûnt dit wykein leit DE NIJE wer yn de winkel. It tydskrift is foar € 4,95 te krijen yn de boekhannel, by de Bruna, de Primera en yn de supermerken fan Poiesz. Besjoch de advertinsjes yn de kranten en op It Nijs en harkje nei Omrop Fryslân radio.

Wachtsje net te lang mei it keapjen fan DE NIJE.

De nijste DE NIJE (jrg 2, nû.2) is opnij in temanûmer mei ‘iten en drinken’ as tema. Yn dat ramt komme streekprodukten oan de oarder (oer ierappels, beantsjes, wichters en oare streekprodukten). Der is ek omtinken foar diëten en oare swierrichheden dy’t mei iten en drinken te krijen ha (út iten mei in dieet, obesitas, coeliaky). Wieke de Haan hat in namme as it om itensiedersboeken giet. Se hat it itensidersboek fan Simke Kloosterman bewurke en dêrnei sels ek in itensiedersboek skreaun. Allegearre nijsgjirrige resepten!

Altyd sels alris Fryske dúmkes bakke wollen? It kin no, want it resept stiet yn dizze DE NIJE (bls. 20).

Om it tema hinne wurde ek ferskate oare bylkjende ferhalen opnommen. Der is omtinken foar Aggie van der Meer, de Gysbert Japicxpriiswinner fan dit jier, foar trijetalich Fryslân, Friezen om utens, de Brexit en mear.

Yn ‘e midden sit wer in útnimber katern foar de bern, dêr’t se moai mei oan ‘e slach kinne. Foar oare lêzers stiet der in krúswurdpuzel, in strip en in ferhalewedstriid yn.

Doch mei oan de ferhalewedstriid. It giet om in Frysk ferhaal of in ferhaal yn ien fan de streektalen yn Fryslân. Wa’t perfoarst wat oars wol, is like wolkom: DE NIJE (bls. 50).

De steapeltsjes yn de winkels binne net sa grut. Dat, wachtsje net te lang. In abonnemint kin ek: stjoer in mail nei redaksje.denije@gmail.nl of brûk dit opjefteformulier.

Wa’t witte wol wat in bakkersdozyn is: DE NIJE (bls. 44,45).

 

febrewaris 16, 2020 16:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.