De klimaatkwestje: de djipte yn mei Gerrit Hiemstra

febrewaris 29, 2020 08:47 Fernijd

Hoe hinget klimaatferoaring gear mei feroarjende waarsomstannichheden? Hoe hurd stiicht ús seespegel no echt? En wêrom binne wy noch net allegear fegetariër en yn it besit fan in elektryske auto? Yn it ramt fan de útstalling Other.Worldly giet presintator Habtamu de Hoop (Het Klokhuis) mei NOS-waarkundige Gerrit Hiemstra djipper yn op de gefolgen fan en ús ferhâlding mei klimaatferoaring. Publyk kin meiprate mei yn de live talkshow De diepte in fan it Frysk Museum en it Prinsessehôf, op sneintemiddei 1 maart. De talkshow is fergees by te wenjen, mar it tal sitplakken is beheind plak en de kaartsjes geane hurd. Oanmelde kin fia de webside fan it museum.

Gerrit Hiemstra (foto: ©Speakers Academy-Walter Kallenbach)

By dizze tredde edysje fan De diepte in dielt meteorolooch Gerrit Hiemstra (1961) oan ’e hân fan trije filmfragminten syn belutsenens by en noeden oer it klimaat. Under lieding fan politikus en Klokhuispresintator Habtamu de Hoop (1998) prate de twa oer hoe’t Nederlân en Fryslân har al iuwen wapenje tsjin it wetter, wêrom’t autoleafhawwer Hiemstra dóchs ôfseach fan de troch him winske Ferrari en oer hoe’t wynmûnen in symboal binne fan de djipwoartele wjerstân fan de minske tsjin feroaring.

Jonge generaasje klimaatfoarfjochters
Yn De diepte in prate de twa bekende Friezen oer hoe’t it klimaat harren ynspirearret, yllustrearre troch trije filmfragminten dy’t Hiemstra bybleaun binne. De Hoop, presintator, politikus én fertsjintwurdiger fan in jonge generaasje klimaatfoarfjochters, nimt Hiemstra op it harspit oer syn beweegredenen, noeden en hoop. Hiemstra jout ek antwurd op fragen fan bern oan folwoeksenen, dy’t se nei ôfrin fan de MuseumJeugdUniversiteit earder dy deis betocht hawwe.

Habtamu de Hoop (foto: Het Klokhuis)

Other.worldy
Dizze tredde edysje fan De diepte in wurdt holden yn it ferlingde fan de útstalling Other.Worldly, dy’t oant en mei 3 jannewaris 2021 te sjen is yn it Frysk Museum. Yn de eksposysje besykje tweintich keunstners de ûnderwetterwrâld te bedjipjen. Kurator Hanne Hagenaars sammele in ynternasjonale kolleksje fasinearjende, wûnderlike en konfrontearjende keunstwurken. Under mear is der oandacht foar it lot fan de ûntelbere boatflechtlingen dy’t út Noard-Afrika de oerstek nei Europa weagen (Broomberg & Chanarin, GB) en ús fersteurde relaasje mei de natuer. Soks troch te sjen nei hoe’t meiwurkers fan Amerikaanske priveenatuerreservaten wylde bisten besykje tam te meitsjen (Jessica Segall, VS).

Praktyske ynformaasje
De diepte yn is op snein 1 maart yn it Frysk Museum, fan 15.00 oant 16.00 oere. De tagong is fergees, mar der is mar in beheinde romte en de kaarten geane hurd.
Foarôf oan De diepte yn jout Hiemstra, yn it ramt fan de MuseumJeugdUniversiteit, ek in kolleezje oan bern oer de stigende seespegel. Dy aktiviteit is lykwols al útferkocht.

febrewaris 29, 2020 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.