De boerinne sûnder skaad

febrewaris 29, 2020 07:04

Folksferhaal

Der wie ris in boer dy’t ûndiek dat syn frou gjin skaad hie. Dy tocht, dat kin gjin natuerlike saak wêze! As de sinne skynt, dan hat alles skaad. Dat hy frege de dominy: “Wat sizze jo hjirfan?”
“Ja”, sei dominy, “hjir ha ’k wol oan. Der moat wat efter sitte.”
“Ik ha der ek al ris mei har oer praat, mar se lit neat út. As jo no ris delkamen wylst ik it lân út bin, miskien krigen jo it derút.”

Earst woe de frou net bite, mar op ’t lêst krige dominy it derút. Foar har trouwen hie se ris in miskream hân. Se hie wat skipe fan in buorman, in troud man mei in grutte húshâlding. Se hie har rie te’n ein west. Jûns lei se lei se al mar te pikerjen op bêd, en doe op in jûn, wylst se krekt lei, waard der op it rút tikke. Der stie in man by har foar ’t glês.

ôfbylding: pixabay.com

Hy sei: “Ik hearde dat jo djip yn ’e prakkesaasjes leine. Kin ik jo faaks helpe?”
Se hie him ferheard oansjoen. Wa’t ik no foar ha, wit ik net, hie se tocht. Hoe kin dy frjemde keardel hearre wat ik beprakkesearje? Want ik sei neat. No, hy moat der dochs mar yn komme.

Doe rekken se oan ’e praat. Se fertelde hoe bang oft se wie foar it skandaal.
“No”, sei de man, “dat skandaal kin ik wol foarkomme, mar dan moat ik it bern ha, sa gau as it berne is. Dan komt der gjin minske efter.”
Se siet der raar ta; dat se naam it oan. En fuortynienen wie dy frjemde keardel fuort. Doe skeat it troch har hinne: ik ha myn bern oan ’e duvel ferkocht!

Dêr pakte se al mar mei om. Op ’t lêst waard se der siik fan. En doe krige se in miskream. Sisoa, tocht se, no hat de duvel neat! En gjinien waard der wat fan gewaar; se hie siik west, mear net. Mar doe’t it de tiid wie dat se it bern te wrâld bringe kinnen hie, doe kaam de duvel wer by har oan ’t finster, diskear op ljochtskyndei.
“Hoe sit dat? Is it bern der al?”
“O, dat bin ’k al lang kwyt.”
“Mar sa binne wy net ôfpraat”, sei de duvel, “no ha ’k neat.”
“Dat kin ’k ek net helpe.” En se gniisde him út.
De duvel waard breinroer. “Ik sil dy wol helpe! Dat silst gewaar wurde!” En ear’t se der erch yn hie, hie er har it skaad ôfnommen.

“Ja”, sei de dominy, “ik wie al bang dat it sok spul wie.” Hy lei har hurd op om faak te bidden, gâns oan ’e earmen te jaan en geregeldwei mei oan it nachtmiel te gean – dêr soe de duvel net tsjin op kinne. De boerinne wie oars net sa tsjerks, mar no woe se dy wei wol op. En mei de tiid krige se har skaad wer. De boer wie gerêst. Se hawwe fierder in lokkich libben hân en de earmen hiene it der goed mei.

Ype Poortinga

Dit ferhaal is, mei skriftlike tastimming fan de erfgenamten fan de skriuwer, oernommen út Ype Poortinga, De held en de draek, folksferhalen fan Roel Piters de Jong. Dat mânske boek waard – ûnder auspysjes fan de Fryske Akademy (nr. 537) – yn 1978 útjûn troch Bosch & Keuning nv, Baarn en De Tille bv, Ljouwert. It is it tredde diel fan de rige Fryske Folksferhalen dêr’t de skriuwer Ype Poortinga (1910-1985) ferhalen yn neifertelde dy’t er ‘yn it fjild’ opfongen hie.
Ien fan syn fertellers wie Roel Piters de Jong, berne yn 1905 te Ousternijegea, in man mei in ôfgryslik goed ûnthâld, dêr’t Poortinga 154 ferhalen fan yn De held en de draek opskreaun hat.
febrewaris 29, 2020 07:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.