Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 35

febrewaris 1, 2020 07:00

Blik op 2020

Yn 2019 wie it klimaat amper út it nijs te brânen. Yn Australië frijwol letterlik, yn Nederlân troch de klimaatmarsen en de klimaatsaak op 20 desimber. It kabinet kriget fan de rjochter de opdracht om ein 2020 de grins fan 25% CO2-reduksje, yn fergelyk ta 1990, te heljen. Dy opmerklike útspraak sil grutte gefolgen foar it jier 2020 hawwe. De reduksje is no berekkene op 20%; dêr 5% by op, dat wurdt in wrâldprestaasje foar Nederlân! It ferleegjen fan de maksimum snelheid sil derta bydrage dat de ferkearsútstjit sakket, mar dat sil minder as 1% op it totaal wêze.

Wat kinne we yn 2020 ferwachtsje fan de Fryske bydrage oan de nasjonale doelstelling? Sa oan it begjin fan it jier is it wol efkes aardich om in foarsizzing te dwaan fan wat wy yn dit kalinderjier ferwachtsje kinne.

In prognoaze
Sinne
It oantal sinnepanielen sil yn 2020 flugger tanimme as yn de foargeande jierren. Tsientallen sinneparken wurde taret en sille yn 2020 stroom oan it net leverje. Dat net wurdt hieltyd foller yn Fryslân. No al wurde inisjativen stillein, omdat it oantakjen yn de kommende trije jier (of noch langer) net mooglik is. Gelokkich wurde hieltyd mear dakken fan bedriuwsgebouwen en huzen benut; dat oertreft yn 2020 aardich wat kearen de panielen dy’t op it lân lein wurde. De Provinsje Fryslân set dêr mei de Freonen fan FossylFrij Fryslân krekt ekstra op yn: mear lokale partijen deryn behelje en de stroom oan eigen ynwenners leverje.

It sille fan ’t jier foaral de wenningboukorporaasjes en gemeenten wêze dy’t op grutte skaal stimulearje om hier- en keapwenten fan hieltyd krêftiger en goedkeapere sinnepanielen te foarsjen.

Wyn
2020 is it jier fan Wynpark Fryslân. Nei tsien jier fan tarieden komt yn 2020 dat park fan 89 wynmûnen der, yn de Iselmar. It wurdt it grutste wynpark fan Nederlân en it leveret foar 500.000 huzen stroom. It is no al te sjen hoe’t by de A7 lâns troch Tennet in stroomkabel fan 31 kilometer fan de Ofslútdyk nei Aldehaske oanlein wurdt om alle stroom ôf te fieren. In mega-operaasje dy’t Fryslân realisearje moat om de nasjonale doelstelling foar wynenerzjy te heljen. Doarpen krije in lyts kânske om in (besteande) wynmûne te ferfangen troch in gruttere, en boeren kinne hiel miskien in lytse mûne sette. Reduzum sil yn 2020 hooplik einlings profitearje fan dy rommere mooglikheid dy’t de Provinsje biedt.

Geotermy
Yn Ljouwert sil yn 2020 begûn wurde mei it earste geotermyprojekt. Twa kilometer djip wurdt by de Dairy Campus waarmte út de grûn wûn. Dêr wurdt in tal grutte enerzjybrûkers mei oan duorsume enerzjy holpen. It MCL en Achmea binne de earste klanten. In protte sille folgje as de grutte buizen mei waarm wetter troch de stêd hinne oanlein wurde. Op in tal plakken yn Fryslân mei fan geotermy gâns wat ferwachte wurde. Nei 2020 is Drachten oan bar en dêrnei miskien It Hearrenfean.

Ferfier
Einlings binne se te sjen: de wachtrigen by de oplaadstasjons oan de sneldyk. It is it begjin fan in revolúsje: de elektryske auto’s binne yn 2020 net oan te slepen. Alle merken komme mei elektryske modellen en binne noch beteljen ek. It sil (hast) krekt sa fluch gean as mei de mobile telefoan: 50% kâns dat jo folgjende auto ien op stroom wurdt. It riden op griengas en blauwe disel sil troch de oerheid ek knap stimulearre wurde. 2020 wurdt it jier dat de tankstasjons foar fossile brânje ien foar ien stillein wurde troch te min omset. Einlings giet it blik op ’e dyk yn it grut oer op fossylfrij.

De twa fossylfrije wiken fan 1 o/m 13 juny yn Fryslân, Grinslân en Drinte: se wurde alwer in stikje makliker te heljen. Alternativen genôch!

It blik op de dyk feroaret dus fluch, krekt as de oplaad-mooglikheden. Yn 2020 wurde yn Fryslân hûnderten oplaadpaallen foar EV’s (Elektrische Voertuigen) ynstallearre. Dêrmei rint Fryslân efter… mar de ynhelslach is yn 2020 ynset.

Sa is myn blik op 2020! Genôch te dwaan, mar it is nea genôch!

Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.
febrewaris 1, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.