Boeren ‘date’ foar in goed petear

febrewaris 13, 2020 08:50 Fernijd

In groep boeren en boargers nimt it inisjatyf om mei-inoar it petear oan te gean oer de takomst fan de lânbou en it libben fan boer en boarger. Under it biedwurd fan #Makeadate2020 sykje boeren en net-boeren om Falentynsdei hinne de ferbining mei-inoar. In oprop ûnder boeren smiet al in stikmannich spannende ôfspraakjes op.

Foto: Brenda Beumer Fotografie

De ôfrûne moannen koe men dreech om de boeren hinne. In stâlbesetting yn Boxtel, de stikstofkrisis en boereprotesten setten de toan yn de lanlike media. Neffens inisjatyfnimmers ‘Boeren fan Nederlân’ is Falentynsdei ít momint om op in respektfolle wize mei-inoar yn petear te gean. “Boeren en harren situaasje waarden yn ’e rin fan ferline jier tige sichtber. Elkenien hie der ek in miening oer. Dêr moatte wy it takom jier faker oer hawwe”, seit de organisaasje.

Twahûndert bysûndere moetings
Boeren fan Nederlân naam yn 2018 it inisjatyf foar #Makeadate2020, mei as doel boeren te stimulearjen om mear bûten harren ‘boerebubbel’ te sjen. Yn 2019 wiene der yn hiel Nederlân sa’n twahûndert bysûndere moetings en ek dit jier stean der ôfspraken plend tusken boeren en boargemasters, Keamerleden en lokale politisy, bekende en ûnbekende Nederlanners.

Agraryske studinten
Jonge boeren en agraryske taleveransiers wiene it ôfrûne jier ek yn it nijs. Dêrom stimulearret Aeres Hegeskoalle yn Dronten syn agraryske studinten om as skoalopdracht mei te dwaan mei #Makeadate2020 en stjoert koöperaasje Agrifirm syn lederie op date. Dêrneist sille inkelde tsientallen amtners fan it Ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit de boer op.

‘Foodies’ yn Tailân
Dit jier koene boeren en net-boeren harren fia www.boerenvannederland.nl oanmelde foar in date. In flink tal boeren is noch op syk nei in ôfspraakje mei in net-boer of wachtet noch oant harren útnûging beäntwurde wurdt. Sa hat Erik van Veldhuisen, plomfeehâlder yn Renswoude (Utert) syn pylken rjochte op aktrise en presintatrise Jennifer Hoffman. Hja presintearret it NPO-programma Gefileerd. Dêryn nimt se ‘foodies’ mei nei Tailân om sjen te litten hoe’t harren iten produsearre wurdt. Yn ien fan de ôfleveringen giet it oer hoe’t hin produsearre wurdt.

Mear ynformaasje is te finen op de side fan www.boerenvannederland.nl.

#Makeadate2020 is in gearwurking fan: Boeren van Nederland, Boert Bewust, Aeres Hegeskoalle, Nederlands Agrarisch Jongeren Kontakt, Wakker Boer Agrifirm en Team Agro NL en LTO Noard.

febrewaris 13, 2020 08:50 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.