Bern deltriuwe

febrewaris 10, 2020 13:39

Ut myn bernetiid wit ik noch hoe’t wy op skoalle ‘Nederlands’ learden.
Bern: “Dat is helendal niet waar”. Master: “Helemáál!”.
Bern: “Hij was de laaste!”. Master: “LaaTste!”.
Dêrom wurdt der no dan sein “hielemaal” en “lêtste”.

Mar sa krige dêrby net allinne de Fryske taal in triuw, mar ek it bern! Der waard sa eins sein: “Do kinst it net!”.
Mar de master hie ek sizze kinnen: “Ja, yn it Frysk hast dat prima! Mar yn it Nederlânsk is it oars.”
Dan krige it bern net in triuw, mar it waard ek priizge. Better foar de taal, mar ek foar it selsgefoel fan it bern.

Hjoed-de-dei sil dat wol better wêze, mar dêrfoar moat de learkrêft dan wol ek kennis fan it Frysk hawwe. Op plakken dêr’t dat dan noch net sa is, meie de âlden dat dan neffens my gewoan easkje. Yn it belang fan har bern!

Pyt Kramer

febrewaris 10, 2020 13:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.