Atleet Van der Pal swimt 200 km yn 72 oeren

febrewaris 24, 2020 08:44

Binnen 72 oeren hat de Fryske ultra-atleet Stefan van der Pal 200 kilometer swommen, de lingte fan in Alvestêdetocht. De treningsmaraton fan 24, 12, 12 en 24 oeren yn it 25-meterbad fan swimbad it Kealledykje is de tarieding op de Alvestêdeswimtocht dy’t Stefan fan tongersdei 2 oant en mei snein 5 july swimme sil.

Stefan van der Pal (foto: Jeroen Boersma)

Van der Pal treent fjouwer dagen as sportdosint en is dêrom ôfhinklik fan fakânsjes foar grutte treningen. Yn ’e maaiefakânsje sil er mei syn begeliedingstiim it bûtenwetter opsykje. Van der Pal is tige tefreden oer de treningswike: “Eins haw ik mar ien ferbetterpunt, ik haw wat lêst fan myn loftereach. Dêr sit in ferhurding, want myn swimbril slút net goed oan, tink ik. Dus dat wurdt de kommende tiid swimbrillen teste.”

Van der Pal stie de hiele wike ûnder strange medyske begelieding fan sportdokter Baukje Wiersma en húsdokter en ûndersiker Marco Blanker. Foar beide dokters wie de trening in unike kâns om ûndersyk te dwaan en te sjen wat der bart yn it lichem fan in minske dy’t sa yntinsyf oan it sporten is. Yn totaal tsien kear is der bloed ôfnaam. “Wy sjogge hoe’t syn lichem op ynspanningen reagearret”, seit Blanker. It giet dan bygelyks oer nierfunksje en spierôfbraak. De krekte útkomsten fan de mittings wurde op in letter momint mei Van der Pal bepraat.

Stefan van der Pal (foto: Marianne Faber)

Tongersdei 2 july set Stefan mei syn Alvestêdetocht útein. Hy begjint yn Ljouwert by skouboarch De Harmonie, beselskippe troch 111 meiswimmers. It startskot wurdt jûn troch de kommissaris fan de Kening Arno Brok, fan it Steatejacht Friso ôf. Van der Pal kundige earder al oan de tocht ‘oarsom’ te swimmen: earst nei Dokkum. By de earste Alvestêdetocht op redens, 111 jier lyn, waard dy rûte ek riden.

Mei syn tocht wol Van der Pal jild ynsammelje foar trije goede doelen foar bern mei kanker: Stichting Semmy, Make-A-Wish en Stichting KiKa. Minsken dy’t meiswimme wolle, yn aksje komme of donearje wolle kinne dat dwaan fia de webside www.itgietmal.nl.

Oer Stefan van der Pal
Stefan (1980) is in erkend doersporter, sa is er twafâldich winner fan de Frysman-triatlon, fiiffâldich Noard-Nederlânsk kampioen triatlon Olympyske ôfstân, Noard-Nederlânsk kampioen heale triatlon en winner 50 km trail Skylge. Yn 2018 hat Van der Pal de Alvestêdetocht (230 km) hurdrinnend ôflein, yn in tiid fan 24 oeren en 53 minuten.

Sosjale media:
Facebook: www.facebook.com/elfsteden.zwemtocht
Twitter: https://twitter.com/itgietmal
Instagram: https://www.instagram.com/elfstedenzwemtocht

febrewaris 24, 2020 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.