Annejet van der Zijl spesjale gast op literêre jûn yn Ljouwert

febrewaris 13, 2020 08:48

Bestsellerauteur en skriuwer fan it nasjonale Boekewikegeskink Annejet van der Zijl is dit jier de spesjale gast op de literêre jûn yn Ljouwert op sneon 7 maart. Oanlieding foar har komst is de start fan de Boekewike én it ferskinen fan de Fryske oersetting fan ‘har’ Boekewikegeskink Leon & Juliette. Njonken Van der Zijl is dêrom ek oersetter Baukje Zijlstra ien fan de haadgasten.

Direkteur fan it Historisch Centrum Leeuwarden en literatuerleafhawwer Geart de Vries giet wiidweidich mei Van der Zijl en Zijlstra yn petear. Skriuwer en oersetter sille ek fragminten út it geskink foarlêze en der is romte foar fragen út it publyk. De band WIEBE soarget foar de muzikale yntermezzo’s en in ôfslutend optreden. Kaarten foar de literêre jûn binne fan hjoed ôf te krijen yn boekhandel Van der Velde Ljouwert en yn de winkel en webshop fan de Afûk.

Yn de Boekewike krije klanten by oankeap fan minimaal € 15,00 oan boeken it Boekewikegeskink kado. De klant kin kieze tusken de Frysktalige en de Nederlânsktalige edysje as geskink. De Boekewike is fan sneon 7 maart oant en mei snein 15 maart.

Annejet van der Zijl
Mei bestsellers lykas Sonny Boy, Bernhard en De Amerikaanse prinses is Annejet van der Zijl (Querido) ien fan de ferneamdste en meast lêzen auteurs fan Nederlân. Van der Zijl wurdt ek wol de net-kroande keninginne fan de literêre non-fiksje neamd. De jongerein wurdearret har boeken ek: Sonny Boy stiet yn de top 10 fan populêrste boeken ûnder eksamenkandidaten havo en vwo. Foar har oeuvre krige Van der Zijl ûnder oaren de Gouden Ganzenveer.

De literêre jûn wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân, in promoasjekampanje foar alle Fryske skriuwers en útjouwers, mei as doel om mear minsken Fryske boeken lêze te litten. It Nederlânske Boekewikegeskink wurdt alle jierren skreaun yn opdracht fan it CPNB, Boeken fan Fryslân is de opdrachtjouwer fan it Fryske Boekewikegeskink.

Datum: sneon 7 maart, 21.00 oere
Lokaasje: Dûnsskoalle Saco Velt, Ljouwert
Yntree: € 10,00

febrewaris 13, 2020 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.