Amazon-topman Bezos stekt 10 miljard yn klimaatbeskerming

febrewaris 18, 2020 08:59

Jeff Bezos, de oprjochter fan Amazon en de rykste man op ierde, hat oankundige tsien miljard dollar yn klimaatbeskerming te stekken. Syn fermogen wurdt rûsd op sa’n 130 miljard dollar.

Foto: morguefile.com

De tsien miljard giet nei it nije Bezos Earth Fund, in fûns dêr’t wittenskippers en aktivisten in berop op dwaan kinne as se it klimaat beskermje wolle. Fan takom simmer ôf wurde subsydzjes ferliend. “Ik wol mei oaren wurkje oan besteande en nije manieren om tsjin klimaatferoaring te fjochtsjen”, skriuwt de multymiljonêr. “Wy kinne de ierde rêde. Dat fereasket mienskiplike aksje fan grutte en lytse bedriuwen, lannen, wrâldwide organisaasjes en yndividuen.”

Bezos’ ynternetbedriuw Amazon stjit in protte CO2 út troch de frachtweinen, buskes, fleantugen en skippen dy’t nedich binne om pakketsjes te besoargjen. Ferline jier kundige it bedriuw oan dat it yn 2030 inkeld duorsume enerzjy brûke wol. Yn 2040 wol Amazon CO2-neutraal wêze.

febrewaris 18, 2020 08:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.