Aldste kleurebylden Alvestêdetocht ûntdutsen

febrewaris 3, 2020 08:27

It Frysk Filmargyf hat nije filmbylden fan de Alvestêdetochten fan 1954 en 1956 ûntdutsen. It giet om twa kleurefilmkes makke troch Sjoerd Steensma (1910-1995), mei-eigner fan Steensma & Zn yn Boalsert, letter Vruchtenconfijt Industrie Steensma en Desimo yn Ljouwert. De âldste filmbylden yn kleur fan de Alvestêdetocht waarden oant no ta taskreaun oan de Fryske filmmakker Han de Vries. Hy skeat yn 1956 kleurebylden fan de legendaryske tocht. Steensma syn filmke út 1954 is foarearst en foar safier bekend it âldste kleurefilmke fan de Alvestêdetocht. De Alvestêdetocht fan 1954 waard op 3 febrewaris 1954 holden, hjoed 66 jier lyn.

Hjir fine jo de beide kleurefilmkes fan Sjoerd Steensma: youtu.be/XxIS7TPItz8.

1954 – winner Jeen van den Berg en syn heit (byld: Sjoerd Steensma)

De 16-mm bylden doeken op nei’t Klara Woldring-Steensma, dochter fan de filmmakker, de omfangrike filmkolleksje fan har heit Sjoerd by it Frysk Filmargyf ynbrocht. De 16mm-kamera fan Steensma is ek oan it filmargyf skonken. De wichtichste films út de Steensma-kolleksje waarden digitalisearre yn it ramt fan it Deltaplan Digitalisearring Kultureel Erfgoed Fryslân (DDCE). Yn gearwurking mei Omrop Fryslân bringt it Frysk Filmargyf de âldste kleurebylden fan de Alvestêdetocht moandei nei bûten ta.

Moandeitemiddei om 13.00 oere oerlanget it Frysk Filmargyf de beide kleurefilms fan Sjoerd Steensma oan deputearre fan kultuer Sietske Poepjes. Dat wurdt dien yn de rôze seal fan Slieker Film oan it Wilhelminaplein yn Ljouwert. De bylden binne dan foar it earst op grut doek te sjen. Tom van Mourik, de nije foarsitter fan Film yn Fryslân, ferrjochtet it oerlangjen, yn oanwêzigens fan Klara Woldring-Steensma, dochter fan de filmmakker, en Halbe van den Berg, soan fan Alvestêdetochtwinner Jeen van den Berg. Nei ôfrin is der poeiermolke en koeke.

febrewaris 3, 2020 08:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.