Aksjes tsjin leechfleanrûte JSF

febrewaris 2, 2020 12:06

FNP-Steatelid Sijbe Knol: “Moatte de fleantugen aanst slalomjend om de tsjerketuorren hinne?”

Nei berjochten oer it weriepenjen fan de leechfleanrûte oer noard en east Nederlân is grutte ûnrêst ûntstien. Tal fan doarpsbelangen, belangeferienings en ynwenners binne yn protest kaam tsjin it foarnimmen fan Definsje om op ’e nij treningsflechten út te fieren op in hichte fan mar 75 meter boppe de grûn.

JSF (foto: Wikipedia/USAF – publyk domein)

Protestbrief
Om it de bewenners fan Fryslân, Drinte en Oerisel maklik te meitsjen en in lûd sinjaal ôf te jaan oan steatssekretaris Barbara Visser (VVD), biedt de FNP in modelbrief oan dy’t bewenners oan Definsje stjoere kinne om har ûntefredenheid te uterjen.

Petysje
De FNP hat ek in petysje tsjin it leechfleanen opset. Mei de petysje rjochte oan de regearing yn De Haach, wol de FNP partij- en provinsje-oerstiigjend in fûst meitsje tsjin dit plan fan Definsje en derfoar soargje dat it net trochgiet.

Oanlieding
It Ryk is fan doel en meitsje it leechfleanen mei strieljagers op in hichte fan 75 meter wer mooglik boppe Fryslân. Definsje wol de âlde leechfleanrûte oer Noard- en East-Nederlân wer yn gebrûk nimme.

Yn 2002 is de rûte bûten gebrûk steld fanwege lûdsoerlêst en gefaarlike situaasjes. Mei de nije en lûdere JSF (F35) wurdt de oerlêst allinne mar slimmer. Bewenners fan tal fan gemeenten yn Fryslân, Drinte en Oerisel sille der swiere oerlêst fan ûnderfine. Boppedat raze de fleantugen ek oer Natura2000- en stiltegebieten, en fersteure dêrmei de natuer.

Yn de earstkommende gearkomste fan Provinsjale Steaten komt de FNP mei in moasje oer dit ûnderwerp. Ek yn tal fan gemeenten wurde aksjes taret. Knol: “Wy moatte in soad druk útoefenje, en mei-inoar sjen litte dat wy de boel keare kinne. Dit mei net trochgean!

 

febrewaris 2, 2020 12:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.