Ad Visser hâldt ynlieding by ‘Lazarus’ yn MartiniPlaza

febrewaris 23, 2020 08:44

Fan 13 o/m 31 maaie stiet Bowies lêste masterwurk Lazarus yn MartiniPlaza yn Grins. Nei in rige foarstellings yn Amsterdam sil Lazarus op toernee nei Heerlen, Rotterdam en einigje yn Grins.

‘Bowie Talks’ mei Ad Visser (foto: DeLaMar Teater)

Lazarus grut sukses
De foarstelling, ûnder rezjy fan Ivo van Hove, ûntfong nei de premjêre tige goede resinsjes. Op 22 jannewaris wûn de foarstelling fjouwer Musical Awards, ûnder mear de priis foar ‘bêste grutte musical’. Op 31 maaie is Lazarus foar it lêst yn MartiniPlaza te sjen.

Bowie Talks
Op 15, 22 en 31 maaie komt ‘Mr. Toppop’ Ad Visser nei Grins om in spesjale ynlieding by de foarstelling te jaan. Visser hie jierrenlang persoanlik kontakt mei Bowie en jout ynsjoch yn Bowies tinken en wurkjen. Dy ynliedings binne in moaie tarieding op de foarstelling sels.

Foto: DeLaMar Teater

Alle grutte hits fan David Bowie komme foarby
Yn de film The man who fell to earth út 1976 spile David Bowie de rol fan Thomas Newton. Lazarus begjint wêr’t de film einige: yn it appartemint fan Thomas Newton. ‘Heroes’, ‘Changes’, ‘Life on Mars’, ‘Absolute beginners’ en in protte oare Bowie-hits binne de reade tried yn Lazarus. De tiidleaze nûmers wurde yn it Ingelsk songen troch de ploech mei ûnder oare Dragan Bakema, Noortje Herlaar en Pieter Embrechts.

febrewaris 23, 2020 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.