Aant Mulder: Wat kinne we eins mei it Frysk

febrewaris 25, 2020 07:31

Kollum

Wy ha yn ús lân twa rykstalen. It Hollânsk en it Frysk. Men soe ferwachtsje dat we der mei-inoar grutsk op wêze soene. Dat is dus net sa. De fragen dy’t Keamerlid Harry van der Molen stelde ha dat wol wer dúdlik makke. Dy fragen joegen my stof ta tinken. Foar’t ik dêrop yngean, sil ik earst efkes fertelle wat dy fragen ynholden.

Van der Molen is CDA-Keamerlid en komt graach op foar it Frysk, de twadde rykstaal dus. Dat is dúdlik te fernimmen oan syn dwaan en litten yn de Fêste Keamerkommisje fan Ynlânske Saken. Sa as Van der Molen binne der noch wol in pear, mar it binne der tagelyk te min. Hawar, Van der Molen hie fragen oer it feit dat der mar sa’n bytsje minsken Frysk studearje en noch in pear dingen. Hy besleat dy fragen oer dy Fryske dingen yn it Frysk te stellen. Hy krige hast daliks te hearren dat dy fragen net akseptearre wurde koene. Dat hy moast se oersette fan de twadde nei de earste rykstaal. Dat is fansels nuver om’t de eed of de belofte wol yn it Frysk ôflein wurde mei. It is ek nuver om’t de Fryske flagge yn de Ridderseal hinget. Dy flagge is net allinne it symboal foar de te bestjoeren provinsje Fryslân. It is tagelyk it symboal foar de Fryske taal en kultuer, it Frysk eigene. Hawar, Van der Molen hat dien wat fan him frege waard. Ut sa’n akkefytsje wurdt daliks wer dúdlik dat ministers en Keamer eins net mei dy twadde rykstaal te krijen ha wolle en dy taal yn alle gefallen net brûke sille. Dat kin. Dat ha se goed regele. Dy twadde rykstaal jildt ommers allinne mar yn de provinsje Fryslân. Sa stiet dat yn De wet Gebruik Friese Taal. De offisjele talen yn de provinsje Fryslân binne it Nederlânsk en it Frysk.

Oanbieding Skaad-BFTK 18 desimber 2018. Yn ’e midden: Harry van der Molen. Foto © Aant Mulder

Twa rykstalen, dy’t dus allinne mar yn Fryslân gelyk binne. Dat makket fan ús provinsje dy twatalige provinsje. Sa stiet it alteast op papier. De werklikheid yn de provinsje is lykwols oars. Dat lit ik no mar gewurde. Troch de fragen fan Van der Molen betink ik, dat it nuver is dat yn De Haach dy twadde rykstaal net brûkt wurde kin, sels net as it om Fryslân en it Frysk giet. Foar it bestjoer fan ús provinsje binne we eins folslein ôfhinklik fan it regear yn De Haach. Se prate dêr oer alles, ha dêr mieningen oer en beslute oer wat te uzes barre moat. Wy ha sels net folle, eins neat te sizzen. Sy ha dêr yn de Haach sels oer de Fryske taal in miening. Dy taal wolle se net yn de grûnwet, mar in taalwet mei mear útsûnderingen as regels kin wol. Dan is it dochs nuver dat se by de earste de beste Fryske fraach yn ‘e kramp sjitte.

Wy sjogge it leafst nei wat we wol mei it Frysk kinne.
It wurdt tiid om te sjen nei wat net kin.

Troch Van der Molen falle my de skilen fan ’e eagen. Wy tinke dat we mei alle ôfspraken, ferdraggen en wetten stappen sette, dat we foarútbuorkje. Sa besjogge en beprate we dy dingen. Wy binne no ienris posityf ynsteld. Dat it measte hieltyd nei de takomst ta trochskood wurdt en dat by tasizzingen altyd mear útsûnderingen en beheiningen steane, dogge we it mar mei. Leaver in blyn hynder as in leech helter. De meast positive formulearring is dat it Frysk yn Fryslân likense rjochten as it Hollânsk hat. Wy sjogge it leafst nei wat we wol mei it Frysk kinne. It wurdt tiid om te sjen nei wat net kin.

Ik beskriuw dat net allegearre, mar wa’t yn ferdraggen en wet lêst, moat wol ta de konklúzje komme dat in tasizzing troch útsûnderingen eins daliks wer foar in grut part weromnommen wurdt. Artikel 3 fan De Wet gebruik Fries Taal (2014) makket dat wol dúdlik. Dêr stiet ûnder oaren: Elkenien kin de Fryske taal brûke yn it ferkear mei bestjoersorganen foar safier’t dy yn de provinsje Fryslân fêstige binne. En dan komt it: Dat jildt net as it bestjoersorgaan freget it Hollânsk te brûken om’t it Frysk te lestich wêze soe!

Gearkomste Fêste Keamerkommisje Ynlânske Saken 26 juny 2019. Van der Molen mei plysjejaske. Foto © Aant Mulder

It foarige sloech op bestjoersorganen yn Fryslân. Dy formulearring hâldt net oer. Underwilens ferdwine hieltyd mear bestjoersorganen en organen dy’t dêrmei ferlike wurde kinne út Fryslân wei. Dat hjit skaalfergrutting. Dy ynstellingen binne dan eins tagelyk fan alle taalproblemen ôf. Dat is te fernimmen! Sokke organen bûten Fryslân smite hieltyd dwerse kneppels as it om it Frysk giet: Foarbylden: belestingtsjinst, rjochtbank, it regear. Datselde jildt foar oare ferlykbere ynstellingen dêr’t we as Friezen mei te krijen ha as it giet om kommunikaasje, enerzjy, fersekeringen, neam mar op. Dêr kin neat fan sein wurde, want dy ha dy ferplichting net iens.

Wy moatte ta op in oare situaasje. Twa rykstalen, binne twa rykstalen. Wa’t mei Fryslân en de Frysktalige ynwenners fan Fryslân te krijen hat, moat it Frysk brûke wolle en brûke kinne. Dat jildt likegoed foar ynstânsjes yn en bûten Fryslân. Sa’t yn Fryslân op meartaligens ynset wurdt, soe dat ek yn Hollân dien wurde moatte. It wurdt tiid dat yn Hollân wat mei de regio’s dien wurdt, dat we mei-inoar grutsk wurde op it ferskaat. As dat net kin, dan soene de neamde ynstânsjes better mar safolle mooglik werom moatte nei Fryslân ta.

Wat my oanbelanget hearre it keningshûs, it regear en de Earste en Twadde Keamer it goede foarbyld te jaan. Dat hoecht net yn ferdraggen en wetten fêstlein te wurden. Gewoan dwaan, om’t we inoar út hokker regio wei dan ek gewoan respektearje. Wat dat oanbelanget hie Van der Molen syn fragen gewoan stelle kinne moatten en hie it noch moaier west as de minister mei Fryske antwurden kommen wie, gewoan om’t we yn in meartalich lân wenje.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 22 febrewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
febrewaris 25, 2020 07:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.