Aant Mulder: Us taal waait sa fuort

febrewaris 18, 2020 06:55

Kollum

Op It Nijs stiet alle dagen weroan in kreas waarberjocht. Mei ‘kreas’ bedoel ik dat it waar kreas beskreaun wurdt. Dat is wat oars as dat it waar sels kreas wêze soe. Yn dat waarpraatsje komme wurden as rûzich, ritich, skier, myld gauris foar. Dat fyn ik moai. Ien fan de lêste waarberjochten hie sels as titel meikrige: oanhâldend ûnlijich. Fierder kom ik wurden en útdrukkingen tsjin as: in klap tonger, de wyn jout him del, in flink stik wyn, swiere wynstjitten. De wyn is krêftich, stoarmich en der komme wynstjitten. Kompliminten oan Jan Brinksma, de skriuwer fan dat waarberjocht. Piet Paulusma brûkt ek graach dat soarte fan wurden en útdrukkingen yn syn waarberjochten foar Omrop Fryslân. Ik mei dêr wol oer. Fan en ta freegje ik my ôf oft mear net mooglik is. Us taal moat ommers net fuortwaaie.

Ik freegje my dat ôf om’t yn waarberjochten hieltyd mear nammen, getallen en koaden foarkomme. Dat falt my benammen yn dizze rûzige tiden op. It giet hiel gau oer Ciara en oer Dennis. As stoarmen in namme krije, en dat is sûnt septimber 2019 sa, ha we tagelyk te krijen mei koade oranje en koade read foar wynstjitten, wynpûsten dus. Sûnt moatte we al twa stoarmen hân ha: Atiyah en Brendan. Ciara fan ferline wike en Dennis fan dit wykein kinne ek yn dat rychje set wurde. It KNMI hat mei oare lannen de kar foar dy nammen makke. Dan begryp ik tagelyk wol dat Jan en Piet wol foarkomme en Ulbe en Nynke net. De earstkommende stoarm (nei Dennis) hjit Ellen. Lit ús hoopje dat it noch efkes duorret foar’t dy diskant op komt. Ik neamde nammen en getallen. Mei getallen bedoel ik: de kâns op delslach (reinwetter) yn persintaazjes, it reinwetter sels yn milimeters, de wynkrêft yn Beauforts en de wynpûsten yn kilometers yn ’e oere. As it mâl giet, ha we it dus oer de koaden oranje en read.

By it Marder Klif. Foto © Aant Mulder

Sa stadichoan feroaret de taal fan it waarberjocht. Nammen, getallen en koaden binne bedoeld om sa dúdlik mooglik oan te jaan hokker waar we krije en hoe ’t we ús dêr op tariede kinne. Ik moat sizze dat ik dat ek hieltyd faker gewoan handich fyn. Ik sjoch gauris op buieradar en dat soarte fan apps om sa konkreet mooglik op ’e hichte te wêzen en ik harkje en sjoch minder nei de gewoane waarberjochten. Wat my oanbelanget jouwe de getallen likegoed de trochslach. Dat de taal hieltyd faker op ’e eftergrûn rekket, muoit my wol. Dêr komt noch by dat it yn de taal dy’t brûkt wurdt hieltyd om deselde wurdsjes giet. Spitich, want sa waait ús taal fuort.

Dat soe mei ferklearje kinne dat we hieltyd faker prate oer in drip reinwetter, in stik wyn, in klap tonger, wynstjitten, in soad sinne en mear fan dat soarte fan formulearringen.

Dat komt grif net allinne om’t we de taal fan it waar sa stadichoan troch dy namen en getallen ferfange. Dat komt ek om’t we de loft ornaris net mear skôgje en dus ek net mear de gewoante ha om te beneamen wat we sjogge en fiele. Dat soe mei ferklearje kinne dat we hieltyd faker prate oer in drip reinwetter, in stik wyn, in klap tonger, wynstjitten, in soad sinne en mear fan dat soarte fan formulearringen. Dat dwaan jildt foar it Hollânsk likegoed as foar it Frysk. Dêr docht Piet Paulusma oan mei. Dat kin hast ek net oars. Ik ha dêrom allinne mar mear bewûndering foar Jan Brinksma dy’t grif syn stjonkende bêst doch it waar sa moai en sa goed mooglik yn geef Frysk te beskriuwen.

No tusken twa stoarmen yn, tusken Ciara en Dennis yn, freegje ik my ôf oft der net noch mear mooglikheden binne om oer wyn te skriuwen. Dat kin maklik. As it ûnthâld it ôfwitte lit, hat men it wurdboek wol. In pear foarbylden. Wy sizze dat de wyn rommet as dy fan it westen nei it noarden of sels troch it noarden nei it easten giet. As de wyn yn it noarden sit, dan is de wyn heech. As de wyn krektoarsom nei it westen giet, dan krimpt de wyn. De wyn kin ek falle, lizzen gean, him deljaan. It omkearde kin fansels ek: de wyn hellet oan, boazet oan. It begjint mei in sigentsje dat in wyntsje wurdt of sels in strûzer. Dan komme de tichte koelte en de stive, stûfe, straffe wyn. Wynpûsten kinne we ek in pûst, in pûster of in skuorwyn neame. In swiere stoarm waard wol in balkebrekker neamd. It waar wie dan bluisterich of karbûstich.

By Starum. Foto © Aant Mulder

No’t de stoarm sintraal stiet, moat ik eins noch efkes kwyt dat we it tiidwurd stoarmje leaver op in krekt wat oare wize brûke. It waait in heale stoarm , in foech stoarm of gewoan in stoarm. Der stiet in stoarm. Guon stoarmen hiene by ús al namme. Dat wiene gjin eigennammen, mar soartnammen. Hurde wyn yn april late gauris ta in swellestoarm. As by noflik waar de wyn oanhelle en as it dan in stoarm waaide, neamden we dat in pypkenielstoarm. Wy ha ek noch in beanhearre, mar dat is wat mear in gewoane, mar wol drûge wyn út it easten wei. Dat sokke beneamingen ek yn de literatuer foarkomme seit himsels. It gedicht DE FJOUWER WINEN fan Douwe Hermans Kiestra is dêr in moai foarbyld fan. Dat begjint mei:
—-De swellestoarm waaide / Djip út it suden wei,
En einiget mei:
—-Doe’t oastewyn mei droechte / In ôfskied song by nacht?
—-Beanhearre gong te strunen / Troch hôf en loane en tunen,
—-Hy ferve strûk en krunen / Mei wûnderlike kleurepracht.

De Fryske waarberjochten bin ik mei ynnommen. Dit stikje is allinne mar in oantrún om noch wat mear taaleigen te brûken, want ús taal moat yn dy waardberjochten ommers net fuortwaaie!

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 15 febrewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
febrewaris 18, 2020 06:55
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Kees van der Beek febrewaris 18, 17:32

    “It waait dat it rikket” – ek sa’n moaienien.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.