Aant Mulder: Ljouwert, in grinende ko

febrewaris 11, 2020 07:36

Kollum

Ha jimme it ek lêzen? Ljouwert fielt him troch de Provinsje miskend. Dat stie mids desimber yn de krante nei oanlieding fan de konseptomjouwingsfyzje, dêr’t it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert fan fine dat har stêd as grutste kearn en as haadstêd dêr te min omtinken yn kriget. De provinsje moat de posysje fan de stêd Ljouwert sa fuortsterkje dat op lykweardige wize mei de stêd Grins en mei Swol praat wurde kin. Nei dat kleiliet komme se mei konkrete easken. De Provinsje moat helpe by it ûntwikkeljen fan de Spoarsône, it gebiet tusken Werpsterhoeke en it Ljouwerter sintraal stasjon. Fierder moat de Provinsje in streekrjochte oansluting op it útstelde Lelyspoar mooglik meitsje. De gemeente wol ek stipe foar wynenerzjy, wettertechnology, steds- en sosjale problemen. Folle net genôch.

foto © Aant Mulder

Doe’t ik dat allegearre lies moast ik oan dy grinende ko tinke. Se sille yn Ljouwert grif net oan dy útdrukking tocht ha, want mei it Frysk ha se yn ús haadstêd net folle op. Grine, foar wa’t net rjocht wit wat dat betsjut: kleie, stinne, suchtsje en sa. Jo wurde der yn alle gefallen net botte fleurich fan. Hawar, yn Ljouwert grine se dus om de stipe fan de Provinsje. Dat is op himsels net ferkeard, hoewol’t ik my wol daliks ôffreegje wat se dan sels dogge om mei de grutten mei te dwaan. Oan de Fryske ‘Ommelannen’ hat it net lein. Ljouwert hat krige wat Fryslân hie. Ik tink oan de sân kweekskoallen rûnom yn de provinsje, dy’t no fuortbesteane as in ûnderdiel fan NHL Stenden. Foar oare skoallen jildt dat likegoed. Foar de rjochtspraak moatte we, foar wat der noch fan oer is, ek al yn Ljouwert wêze. Oare foarbylden: banken, fersekeringskantoaren, wetterskip, media en wat allegearre noch mear. Wy as ynwenners fan Fryslân binne hieltyd faker ûnderweis nei Ljouwert ta. De weryndielingen mei stikken fan Boarnsterhim, Littenseradiel en Ljouwerteradiel yn syn gehiel ha makke dat Ljouwert in gruttere stêd waard. Dat hat Ljouwert oan Fryslân te tankjen.

Yn dy rjochting sykje se de gearwurking,
wylst se de eigen Fryske ynwenners leaver negearje.

It is foar Ljouwert net genôch. Ljouwert is noch hieltyd gjin Grins en gjin Swol. Dat wolle se wol. Yn dy rjochting sykje se de gearwurking, wylst se de eigen Fryske ynwenners leaver negearje. Dat wie al sa mei Leeuwarden-Fryslân 2018. Twa dingen foelen doe daliks op: de stêd Hollânsk, de provinsje Frysk en de stêd waard fansels as earste neamd. De stêd allinne hie it nei alle gedachten grif net oprêden, dat dêrom mar sa. Dat betsjutte dat der dochs ek wol wat omtinken foar it Frysk komme moast. Dat waard Lân fan taal, dêr’t in protte talen yn behelle waarden, sadat it like dat it Frysk mar in ûnbetsjuttend diel fan dat gehiel fan talen wie. Tûk wie it wol, want mei it Frysk hoege jo net yn Grins en Swol oan te kommen. Lân fan Taal krige yn Explore the North in soarte fan ferfolch. Marleen Nagtegaal spilet in grutte rol yn dat Winterfestival. Se sjocht mooglikheden en dêrom is se sels fan Grinslân nei Fryslân ferhuze. Se sjocht dy grif foar harsels en foar Explore the North, mar oer mooglikheden foar de Fryske taal en kultuer kin ik net folle fine. Dat past grif ek net yn it konsept fan Nagtegaal. It is allegearre op it noarden rjochte. It is faaks moai foar Ljouwert, mar Fryslân hat der neat oan.

It begûn eins allegearre al yn 1992 mei SNN (Samenwerkingsverband Noord-Nederland) mei it doel om gear te wurkjen op it mêd fan romtlike oardering en ekonomy. As ik dêr wat oer sit te lêzen, falt op dat fjouwer stêden neamd wurde. Dan giet it om: Grins, Ljouwert, Assen en Emmen. It is daliks wol dúdlik, wêr’t it swiertepunt leit. Dêr komt Ljouwert net foar yn ’e beneaming. Op dat SNN slút yn de fyzje fan de Raad van de Cultuur de wat lettere gearwurking fan it NOC (Noordelijk Overleg Cultuur) mei it projekt We the North prachtich oan. Hoewol’t it Noarden perfoarst gjin ienheid is, foarmet it op papier wol de grutste kulturele regio fan ús lân. Deselde provinsjes wurde wer neamd en deselde fjouwer stêden. It moat allegearre mei-inoar dien wurde en dus wurdt der praat en skreaun oer de kultuer fan it noarden, wat dat dan ek mar is.

Foto © Aant Mulder

Noch ien ding. Ljouwert is sûnt koart City of Literature, dêr’t Ernst Bruinsma fan de Afûk de saaklik lieder fan is en dêr’t deselde Marleen Nagtegaal fan Explore the North de kreative kant fan foar har rekken nimt. De begripen: it noarden, noardlik en meartaligens binne wer net fan ’e loft. Oer it Frysk en Fryslân hearre we net folle. It makket harren yn Ljouwert net út, as se mar meidwaan kinne mei de grutten. Ljouwert set yn op in posysje yn it noarden. It moat it wol oprêde yn in soarte fan kompetysje mei de stêden Grins, Assen, Emmen en ek Swol. De Fryske taal en kultuer binne likefolle stroffelstiennen, tinke se dêr, dy’t mar better ûndersnije kinne yn Hollânsktalige projekten mei Ingelske nammen. Hoewol’t Ljouwert dus aardich wat oan Fryslân te tankjen hat, komt datselde Fryslân harren no net gelegen. Ferlike mei dy oare stêden is en bliuwt it likegoed te lyts, wylst in hieltyd gruttere groep yn Fryslân fan de haadstêd fan de provinsje ferwachtet, dat dy stêd der ek foar de provinsje ta docht. Wa’t allinne freget en neat weromjout, komt allinne te stean.

Ljouwert moat de haadstêd fan Fryslân wêze wolle, mei de taal en kultuer dy’t dêrby hearre. Ljouwert moat ynsette op de Fryske ynstellingen yn de haadstêd. Wa’t yn eigen hûs en eigen provinsje de saakjes op oarder hat, wurdt immen dy’t yn oare fermiddens wat te fertellen hat.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 8 febrewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
febrewaris 11, 2020 07:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.