Aant Mulder: ‘Blue Monday’ is gjin blaumoandei

febrewaris 4, 2020 07:00

Kollum

Moandei 20 jannewaris wie it ‘blue monday’. Sa wurdt dy dei ein jannewaris hieltyd faker neamd. Dat dogge we nei Amerikaansk foarbyld. It keppeljen fan kleuren oan dagen liket hieltyd faker foar te kommen. Ik tink net allinne oan ‘blue monday’, mar ek oan: ‘black friday’ en ‘pink saturday’ wylst se it yn Kerkrade sels al oer ‘White Thursday’ ha, in muzykfeest op wat we Wite Tongersdei neame. Der wurde folle mear eigenskipswurden yn kombinaasje mei de dagen fan de wiken neamd. Dat lit ik no mar gewurde. It hat der alles fan dat it in Amerikaanske gewoante is, dy’t we faak streekrjocht of yn oersette foarm oernimme.

Dat is mei ‘blue monday’ dúdlikernôch it gefal. Ik wol dêr eins blauwe moandei fan meitsje, sa’t we dat ek dogge mei swarte freed en rôze sneon. Dat blauwe moandei wol my lykwols mar min oan. Ik freegje my ôf hoe’t dat komt. Foar’t ik fierder gean, beneam ik foar de wissichheid earst noch mar efkes wat mei dy namme bedoeld wurdt. It is de moandei, dy’t ornaris yn de twadde helte fan jannewaris falt. Ik ha begrepen dat der sels in formule foar is om dy dei krekt te berekkenjen. Dit jier foel dy dei op moandei 20 jannewaris. Dy moandei moat wat trystens oanbelanget it hiele jier sûnder wjergea wêze. Dy trystens hat te krijen mei de tiid fan it jier. De dagen binne koart en tsjuster. De feestlike tiid om krysttiid en âld en nij hinne is foarby. De earste goede foarnimmens binne al wer mislearre. It jild is op en de fakânsjes moatte de measten noch skoften op wachtsje.

Gjin wûnder dat ik no pas mei myn ferhaal oer ‘blue monday’ kom. Dat hie fansels earder moatten, mar yn dat soarte fan trystige dagen hat dat grif net slagje wollen. Hawar, no dy namme en wêrom’t dat blauwe moandei my mar min oan wol. ‘Blue’ soe te krijen hawwe mei de skipfeart, want as in skip in bemanningslid ferlear, dan waard in blauwe flagge hise en waard in blauwe bân om it skip hinne ferve. Sa koe op de kaai fan fierrens ôf al sjoen wurde dat in skip de ‘blues’ hie, yn de rou wie en sadwaande in tryste thúsfeart makke. Dyselde trystigens hearre we yn de ‘blues’ werom, yn oarsprong de muzyk fan de slaven. Trystichheden genôch, mar dy trystichheden keppelje oan dy iene neamde moandei yn jannewaris, dat docht dochs wat nuver oan. Rou giet ek krekt wat fierder as trystigens. Sa besjoen soene ‘blue mondays’ faker as ien kear jiers foarkomme kinne moatte.

Dúdlik wurdt yn alle gefallen, dat mei ús blau wat oars bedoeld wurdt
as mei it Amerikaanske ‘blue’ yn dy kombinaasje fan kleur en dei.

Faker foarkomme, dat jildt wol foar ús blaumoandei. Likegoed is dy moandei en it yn ús gefal faker foarkommen dêrfan in lestich ferhaal. Dêr is neffens my net in goede ferklearring foar te finen. Tocht wurdt oan it bedekken fan bylden en alter oan it begjin fan de fêsteltiid. Dat wiene blauwe kleden en dat soe dan op de moandei dien west ha. Oaren tinke dat it te krijen hat mei it blaufervjen fan wol, dy’t dan op moandei ophongen waard om te drûgjen. Sa bin ik wol sân ûnderstellingen tsjinkommen. Ik sil se mar net allegearre opneame. Dúdlik wurdt yn alle gefallen, dat mei ús blau wat oars bedoeld wurdt as mei it Amerikaanske ‘blue’ yn dy kombinaasje fan kleur en dei.

Oer dat blau yn de gearstalling blaumoandei bestiet yn wurdboeken mear ienriedigens. Dan betsjut it figuerlik: neat te betsjutten, fan net folle wearde. Dat waard al gau in skoftke dat neat te betsjutten hie, in koart skoftke dus. Dan wurdt ek daliks dúdlik dat ús blaumoandei net keppele is oan dy iene moandei yn jannewaris, mar dat alle dagen of alle pear dagen dêrfoar yn de beneaming komme. It Frysk Hânwurdboek jout twa betsjuttingen: in koart skoftsje, in frije dei. Yn it Frysk wurdboek kom ik ek noch twa moaie foarbylden tsjin: ‘Hy hat in blaumoandei yn ’e stêd wurke’. In koart skoftke! En ‘Hy set dêr alle blaumoandeis op ta’. Alle kearen weroan! Ik lês neat oer trystigens of sa en dus lykje beide beneamingen dochs ferskillend yninoar te stekken.

Mochten we noch twivelje, dan kin Harmen Sytstra (1817-1862) ús wol út ‘e dream helpe. Sytstra, jimme witte wol, de skriuwer dy’t fan bakkersfeint skoalmaster waard en yn 1844 ien fan de oprjochters wie fan it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse. Guon fan jimme sille grif It boask fan de kastleinsdochter lêzen ha. Folle minder witte dat er him ek mei tydskriften dwaande hold. Hy wie net allinne de útjouwer fan Iduna (1845/’62), mar ek fan de Blau-Mandeis-Krante (1856/’57), dy’t twa kear ferskynde. Dat lêste tydskrift, dêr giet it my diskear fansels om.

Yn de ynlieding fertelt de man prachtich oer hoe’t it neffens him sit mei ús blaumoandei. Ik sitearje: ‘Wa hat op syn tiid net ris in blaumoandei! Alear hie men it ienkear yn ’t jier, te witten de moandeis op lêste fêsteljûn. No binne der in protte dy’t om ’t hurdsje blaumoandei hâlde’ …en … ‘elk hâldt by tiid en wile ris blaumoandei en wysels ek. Wat is dan billiker dat de blaumoandeihâlders ek in blaumoandeiskrante jûn wurdt.’ (Ik ha de stavering fan Harmen Sytstra oanpast.)

Sytstra giet noch efkes troch. Konklúzje: der binne genôch lju dy’t fan en ta blaumoandei hâlde om der in Blau-Mandeis-Krante foar te skriuwen. Dy’t der nocht oan hat, kin it lêze en oaren kinne it litte. Sa is Ien ding no wol dúdlik ‘blue monday’ is gjin blaumoandei.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 1 febrewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
febrewaris 4, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. A.Kramer febrewaris 5, 12:42

    Neffens âldere edysjes fan ‘e “Oxford” . (De van Dale foar it Ingelsk) betsjut “Blue Monday”, “Monday before Ash Wednesday”.

  2. Jangerben Mulder febrewaris 5, 22:05

    By my Aant. wie, doe’t ik noch freifeint wie hie ik faak op moandei in kater, wat wy ek wol in blaue moandei neamden. Yn dy tiid en dan sprek ik oer de 50 en 60tiger jierren wie de sneintejûn faaks in hichtepunt ,Dat wiene de dûnsjûnen , Wy gienen dan meast nei Donkerebokse (Donkerbroek) en hiene we mei ús maten in soad wille. Nei eltse dûns efkes in pilske en dan hiene we op it lêst fan de jûn wol genoch hân.Dan kaam de finaledûns en dan noch besykje om in famke nei hûs te bringen. As dat slagge , dan kamen je yn it holst fan de nacht thús, Moarns seis oere gie de wekker en wie it in koarte nacht en je hiene dan bytiden in kater,
    Nij 9 oere as it kofjrtiid west hie waard it better.Yn dy tiid hie de tserkse jongerein dêr gjin lêst fan , want dy mochten op sneontejûn net nei dûnserijen ta.Yn de 70 tiger jierren ha dy dat wat it dûnsjen oanbelanget wol wer ynhelle, doe wiene der in soad pearen dy doe it dûnsjen noch learden. No gienen de tsjerske jongerein fansels noch wol nwi in faam ta en kamen dy ek wol let thús, mar hja hiene gjin bier hân. Dêr kin ik noch in aardich ferhaalsje oer fertelle,Yn Waskemar wie in timmerbaaske dy’t in soad klantewurk by boeren hie.
    In timmerfeint kaam dêr op moandeitemoarn om mei de klus te begjinnnen,Doe’t de boer by him kaam frege dy: hast der wat nocht oan?Nee sei dy feint eerlyk noch net.De sneons krige hy syn leansekje en doe hy der ynseach siet der ryksdaalder minder yn. Hoe kin dit frege de feint.No, sei syn baas, hy hie fan de boer heard dat er de moandeistemoarns net folle nocht oan it wurk hân hie, dat dan soe hy ik wol net folle dien ha.
    No moat it net mâlder sei de feint, no sitte jo en ik yn de selde tsjerke, mar as jo dêr boppe komme hoech ik dêr net mear te weazen want dan krije we wer it selde.

  3. jangerben febrewaris 6, 10:58

    ‘k Ha juster reagearre op Aant syn kollum, mar dat hat om ‘e nocht west want it wurdt net pleatst. Dit is de twadde kear.

  4. Redaksje febrewaris 6, 22:19

    Jo reaksje ha we út it automatyske filter fiske, Jan Gerben. De robot wie yn ‘e beane.

  5. Hindrik Brouwer febrewaris 7, 18:59

    Achte hear Mulder,
    White Thursday is gjin nije beneaming.
    Wite Tongerdei is al iuwen de offisjele namme fan de dei foar Goed Freed (ek wol Krúspeaske neamd).
    De liturgyske kleur is dan ek wyt.
    Yn it Dútsk hjit it ek wol Gründonnerstag.
    Hat neat mei grien as kleur te krijen mar mei grinen.
    Yn de tiid foar Peaske wurdt men achte te grinen om jins sûnden.
    Groetnis
    H. Brouwer

  6. aant mulder febrewaris 8, 14:05

    Ik reagearje efkes op in pear nijsgjirrige mailtsjes. De opmerking fan Kramer makket dúdlik dat de namme ‘blue monday’, ‘blauer Montag’ en blauwe moandei dochs wol itselde komôf ha kinne soene: de moandei foar jiskewoansdei. Dêrútwei soene dan de hieltyd mear ferskillende betsjuttingen ûntstien wêze kinne. Dêr past de reaksje fan Mulder (Jangerben) moai by. Wa’t yn it wykein tefolle dronk hie ek in blaumoandei. Ik neamde dat net, mar dy betsjutting komt ek foar. Fierder wit ik dat we ‘Wite Tongersdei’ ha. Mei White Thursday doelde ik op de namme fan in muzykspektakel yn Kerkrade. Dat hie ‘k faaks wat dúdliker formulearje moatten. De namme Grûndonnerstag wie nij foar my, mar bringt ús tagelyk hiel aardich werom nei ien fan de neamde betsjuttingen (grine= eins somber wêze). Dy blauw kleden waarden fan de pryster lykwols net op de bedoelde moandei foar jiskewoansdei oer bylden en alter hongen, mar fjirtjin dagen earder. De moandei foar jiskewoansdei waard doe ek wol goede moandei neamd. Dat hoe’t it krekt sit mei dat komôf? De gelearden binne it yn alle gefallen net mei-inoar iens. Likegoed betanke foar jimme reaksjes.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.