96ste Algemiene Gearkomste Frysk Boun om Utens

febrewaris 25, 2020 16:12

Op 28 maart 2020 hâldt it Frysk Boun om Utens syn 96ste Algemiene Gearkomste. Dat is dizze kear yn Delft.
Yn AMBYLD 49 is alle ynformaasje dêroer te finen. Dat jildt ek foar de nedige ferslaggen. Ambyld is nijsgjirrich om te lêzen.

It Frysk Boun om Utens (It Boun) is de oerkoepeling fan de oansletten kriten bûten Fryslân, yn Nederlân. It stiet noed foar de mienskiplike belangen fan de kriten en hat dêr kontakten oer mei de oerheden, Fryske organisaasjes, de media en oaren.

It Boun hat neffens it karbrief as doelstelling: 1. in bân te lizzen tusken de Friezen bûten Fryslân en by harren it Fryske folkskarakter yn al syn uterings, benammen yn de taal, te bewarjen en te befoarderjen; 2. by oaren as Friezen, niget oan en begryp te bringen foar Fryslân, de Fryske taal, kultuer en skiednis. De kriten organisearje byienkomsten oangeande: Toaniel, Kabaret, Sjongen, Boekbesprekken, Lêzings en/of Stúdzjegearkomsten op it mêd fan de Fryske taal, literatuer, skiednis, kultuer ensfh. Fierder wurde kursussen Frysk organisearre, sawol foar Frysktaligen as foar net-Frysktaligen.

Oansletten kriten: Apeldoarn – Arnhim – Assen – Boadegraven – De Haach – Hilversum – Hoarn – Hurderwyk – Lelystêd – Meppel – Seist – Súdeast Drinte – Swol – Twente – Utert/Seist.

Net-oansletten krite om utens: Roan.
Mienskiplik mei It Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse jout It Frysk Boun om Utens alle jierren in Ynfo(rmaasje)map út.
Kontakt: Kees van der Beek, skriuwer, Beemdweg 29, 3852 XC  Ermelo, telefoan: (0031 (0)) 341 559343, e-mail: skriuwerfbou@fryskbutenfryslan.frl

Webside: www.fryskbutenfryslan.frl

febrewaris 25, 2020 16:12
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Ida Knobbe febrewaris 26, 11:29

    By it rychje fan de oansletten Kriten stiet Seist ek noch.
    Spitigernôch is dat net mear it gefal.

  2. Kees van der Beek, skriuwer fan it FBoU febrewaris 26, 15:45

    In oanfolling op de reaksje fan Ida Knobbe:
    Yndie, spitich, dat de krite Seist net langer mear as selsstannige krite bestiet. Yn goed oerlis is der ferline jier in gearwurkings-ferbân tusken de kriten Seist en Utert oangien ûnder de namme: Mei inoar ien. Sa besjoen bestiet de krite Seist noch wol deeglik!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.