Fryslân DOK presintearret trije nije koarte films

febrewaris 11, 2020 11:28

Fryslân DOK presintearret trije nije koarte films, makke troch jonge makkers mei in eigen blik op de wrâld. De films binne: Onder Water fan Tristan Visser, Onsje Minder fan Menno Boersma en Marinthe de Hek, en Doorgaan fan Johanneke Dijkstra.

Byld út ‘Onder water’ fan Tristan Visser

Tristan Visser is muzikant en eksperimintearret mei lûd. Hy is opgroeid op Skylge en fielt him ferbûn mei de see. Foar it ûnderwetterlibben is lûd it primêre sintúch. Yn syn film Onder Water ûndersiket Tristan it lûdslânskip fan de see en it effekt fan minsklike aktiviteiten dêrop.

Marinthe de Hek en Menno Boersma toane in oare blik op ús iten: “De minske begiet rôfbou op natuerlike rykdommen, ûndergraaft dêrmei plante- en bistesoarten en dêrmei syn eigen fuortbestean.” Yn de film Onsje Minder folgje se ‘De Tún fan de Takomst’ fan Sjoerd van der Hem yn Jorwert.

De haadpersoan yn de film Doorgaan fan Johanneke Dijkstra is boksleginde en -coach Piet Rozendaal út Ljouwert. De Prinsetún wie Piet syn earste boksring. Buert tsjin buert, freon en fijân tagelyk. Piet coacht no nije talinten. Doorgaan is in dokumintêre oer krêft en oerlibje.

De trije films binne elts 10 minuten lang en wurde efterinoar útstjoerd yn de Fryslân DOK Nije Eagen 2020. It projekt is in gearwurking fan Omrop Fryslân, New Noardic Wave en CineCrowd. Yn 2021 sil Omrop Fryslân ‘Nije Eagen’ organisearje mei it nije Fryske dokumintêrefestival ‘Plons’.

Fryslân DOK: Nije Eagen 2020
Sneon 15 febrewaris, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling)
Snein 16 febrewaris, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

febrewaris 11, 2020 11:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.