16-jierrich lesbysk famke yn libbensgefaar om krityk op islam

febrewaris 7, 2020 20:10

Mila

Yn Frankryk leit de namme fan de sechtjinjierrige Mila op in soad lippen. It famke kriget al in pear wike plysjebeskerming, om’t hja mei de dea bedrige wurdt troch radikale moslims.

Mila wennet yn it Súd-Frânske doarpke Villefontaine. It famke is lesbysk en doe’t in islamityske jonge besocht om har te fersieren en hja him derop wiisde dat hja allinnich op famkes foel, krige hja in skelpartij op ynternet fan him. Hy neamde har “rasistysk”, “in smoarge Fransêze” en “in smoarge lesbyske”.

Hja reagearre lilk en sei dat se religy hate en dat de islam merde wie – in skelwurd dat letterlik ‘stront’ betsjut wurdt, mar dat yn it Frânsk like faak en maklik brûkt wurdt as shit yn it notiidske Hollânsk. Hja sei ek dat hja in finger yn de kont fan God stekke woe.

De bedrigings kamen fuort dêrnei. Minsken skreaune dat hja Mila mei soer oerjitte soene – in misdie dy’t yn de islamityske wrâld faker begien wurdt troch manlju dy’t froulju straffe wolle as se nei harren betinken te eigensinnich binne. Fierders skreaune minsken dat hja Mila deadzje of ferkrêftsje soene en ien skreau dat er it famke libben bedobje soe.

De plysje naam de bedrigings earnstich en Mila wurdt no troch bewapene plysjes beskerme. De Frânske minister fan justysje Nicole Belloubet woe de saak earst fan twa kanten besjen: it bedriigjen wie net goed, mar wat Mila sein hie, wie neffens har ek in oanfal op ‘e godstsjinstfrijheid. Under druk fan ‘e publike opiny kaam de minister op dat lêste werom.

Laurent Sourisseau, de haadredakteur fan tydskrift Charlie Hebdo, sei dat Mila troch “de grutste lefferts” yn ‘e steek litten wurdt. De redaksje fan it tydskrift waard yn 2015 foar in grut part útmoarde troch radikale moslims.

Filosofe Tinneke Beeckman skriuwt yn de krante De Morgen: “Hopelijk zal dit haar de rest van haar leven niet achtervolgen. Ik ben bang voor haar, want zij heeft dit niet gewild. Maar deze haat zal misschien niet stoppen, zoals het ook voor Charlie Hebdo nooit is gestopt. Dan heeft ze als het ware een levenslange straf gekregen.”

Neffens de filosofe is it rjocht op godslastering tige wichtich. Hja seit: “Het belangrijkste argument is dat blasfemie de macht die religie uitoefent over kwetsbare mensen kan inperken.”

Op de sosjale media wurdt #jesuismila brûkt as stipebetsjûging foar Mila.

febrewaris 7, 2020 20:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.