Wy binne der noch net mei it Frysk yn de rjochtspraak

jannewaris 28, 2020 17:47

Skôging

Yn 2013 hat de Twadde Keamer ynstimd mei de Wet Gebrûk Fryske Taal. Wa’t tocht dat je no yn Nederlân it rjocht ha om Frysk te brûken yn de kommunikaasje mei ryksorganen komt út en troch foar de winige doar. Al earder lei de Belestingtsjinst dwers en no ferpoft de rjochtbank yn Utert it om in brief yn it Frysk te akseptearjen.

Sa hat op dit stuit in boerebedriuw in skeel mei it Wetterskip Fryslân. De famylje is it net iens mei in boete (strafbeskikking) dy’t har oplein is troch it Wetterskip. Se binne it net hielendal iens mei bepaalde saken en hawwe doe in Frysktalige brief stjoerd nei de offisier fan justysje, om beswier te meitsjen (‘Ynstelle fan Ferset’ sa’t dy dat neamt). It adres stie yn de strafbeskikking: Parket Centrale Verwerking O.M. , Postbus 8267 yn Utrecht. “No krigen wy in brief fan it Iepenbier Ministearje werom, mei dêrby ús eigen brief ynsletten, mei dêryn de tekst: “Wij verzoeken u de verzetsbrief in het Nederlands aan ons te schrijven”, seit de famylje dy’t yn ferset komt. En fierder: “Wy binne wat fernuvere oer dat fersyk, want wy mienden dat by it Iepenbier Ministearje en/of yn de rjochtspraak wy it rjocht hawwe om dit yn it Frysk te dwaan.”

Ik ha hjir en dêr wat om my hinne frege en de wet der ek nochris op neilêzen. Der binne op it stuit noch inkelde juristen oan it plúzjen oft se yn Utert it rjocht ha om in brief yn it Frysk njonken har del te lizzen. Kêst 3 fan de wet jout in beheining: “Elkenien kin de Fryske taal brûke yn it ferkear mei bestjoersorganen, foarsafier’t dy yn de provinsje Fryslân fêstige binne, en ek mei de persoanen dy’t ûnder harren ferantwurdlikens wurkje.” (fet printe JvdB). Yn earste eachopslach soene je sizze kinne dat se har yn Utert dêr mei rjocht op beroppen ha. Tagelyk kinne je der tsjinyn lizze dat it hjir giet om in kwestje dy’t him tusken twa partijen binnen Fryslân ôfspilet. Wêrom moat soks trochskood wurde nei Utert en kin dat net yn Ljouwert behannele wurde? Komt dat troch de konsintraasje fan de rjochtbanken? As dat sa is, dan kinne je de fraach stelle oft dy konsintraasje wol legaal is. Want der wie dochs yn de bestjoersôfspraken Fryske taal en kultuer (BFTK) fêstlein dat maatregels fan de oerheid derop hifke wurde moatte hokker konsekwinsjes dy foar it Frysk ha? Yn kêst 1.1 fan de BFTK is ôfpraat: “Ryk en provinsje sjogge derop ta dat yn alle beliedsfoarnimmens en -nota’s dy’t ferbân hâlde mei mêden dy’t ta it wurkingsfjild fan dizze bestjoersôfspraak rekkene wurde kinne, mei achtslaan fan de bepalings yn it Europeesk Hânfêst dy’t Nederlân ûnderskreaun hat, rekken hâlden wurdt mei de gefolgen foar de Fryske taal.” Dat “rekken hâlde mei” is fansels in rekber begryp en dat freget om jurisprudinsje. Yn Fryslân rinne wy hieltyd faker tsjin dat soarte fan saken oan. Wat mear der sintralisearre wurdt wat minder kinne jo dêrtroch Frysk brûke. It wurdt tiid dat de beheiningen yn it brûken fan it Frysk nei oerheidsynstânsjes bûten Fryslân dy’t hjir wol in taak ha, op deselde wize regele wurde as binnen de provinsje.

Undertusken hâldt de famylje de kop derfoar. Se ha deselde Fryske brief weromstjoerd mei in begeliedend brief dêr’t se har beslút yn motivearje: yn in saak dy’t tusken twa partijen yn Fryslân spilet moat it yn ferset gean yn it Frysk kinne. It is no ôfwachtsjen hoe’t se yn Utert reagearje. Wy binne der noch net mei de lykberjochtiging.

Jabik van der Bij

jannewaris 28, 2020 17:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.