Wuhan fan bûtenwrâld ôfsletten fanwege koronafirus

jannewaris 23, 2020 09:56

Yn de Sineeske stêd Wuhan, dy’t troffen is troch in útbraak fan in nije fariant fan it koronafirus, binne it fleanferkear en it iepenbier ferfier stillein. Sûnt 10.00 oere lokale tiid ride bussen en metro net mear en lizze fearponten stil.

Foto: pixabay.com

Der ride ek gjin treinen en bussen mear nei de stêd. It autoferkear is net stopset, en ynwenners meie de stêd net mear ferlitte. Minsken moatte op strjitte mûlekapkes drage. Wuhan is in metropoal mei alve miljoen ynwenners. It is net dúdlik hoe lang’t de maatregels duorje sille. De autoriteiten hoopje mei it stillizzen fan it ferkear de gefolgen fan de útbrutsen epidemy te beheinen.

Yn oare plakken yn Sina wurde fleantugen en treinen dy’t út Wuhan wei oankomme, apart set en passazjiers dy’t dêrwei komme, wurde medysk ûndersocht. Der binne no 571 besmettings fan it nije koronafirus meld, fierwei de measte yn Wuhan. Santjin minsken binne ferstoarn oan de gefolgen fan de besmetting, allegear yn en om Wuhan.

jannewaris 23, 2020 09:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.