‘Winterwaar op komst’

jannewaris 30, 2020 08:46

As guozzen yn V-foarm oer it lân hinne kamen, seine se eartiids: “Winterwaar op komst.” Hjoed-de-dei is it amper winter, mar guozzen binne der nammerste mear. Dêroer giet de Fryslân DOK: ‘Winterwaar op komst’.

Foto: Omrop Fryslân

It tal oerwinterjende guozzen yn Nederlân is sûnt de santiger jierren groeid fan inkelde hûnderten oant 2,5 miljoen eksimplaren no. As it gerslân yn ‘gedoochgebiet’ troch de guozzen kealretten wurdt, betellet de provinsje de skea oan de boeren. No’t dat skeabedrach hieltyd heger wurdt, hat de provinsje bepaald dat der in soad guozzen sketten wurde meie. Wat is de takomst? Troch de klimaatferoaring soene der noch folle mear guozzen komme kinne. Filmmakker Albert Jensma freget oan boeren, wittenskippers, jagers en slachters: “Wat dogge we mei de guozzen, en wat kinne wy dermei?”

Fryslân DOK: Winterwaar op komst
1 febrewaris 15.30 oere, NPO2 (Nederlânske ûndertiteling, werhelling 2 febrewaris 13.10 oere)
2 febrewaris 17.00, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

jannewaris 30, 2020 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.