Wetterkolleezjes foar lytse wittenskipperkes

jannewaris 20, 2020 08:57

Foar supernijsgjirrige bern fan 8 o/m 12 jier is der wer in nije Museumjeugduniversiteit. Frysk Museum en Tresoar wurkje yn ’e maitiid fan 2020 wer gear en organisearje spesjaal foar bern oantreklike kolleezjes dêr’t se ûngemurken in soad fan leare. Echte wittenskippers, ûnder wa de ferneamde waarman Gerrit Hiemstra, fertelle bern op in boartlike manier oer ferskate ûnderwerpen dy’t te krijen hawwe mei de striid tsjin it wetter.

Yn fjouwer kolleezjes leare bern oer maritime archeology, de stigende seespegel, de seefarende Wytsingen en de striid op see yn ’e Twadde Wrâldoarloch. De kolleezjes wurde jûn op in oantal sneinen yn maart en april om 11.30 oere, ôfwikseljend yn it Frysk Museum en Tresoar. De kosten foar de hiele rige binne € 20,-. Oanmelde kin fia de webside fan it Frysk Museum.

Gerrit Hiemstra – (foto: ©Speakers Academy/Walter Kallenbach)

De striid mei it wetter
troch Gerrit Hiemstra
Gerrit Hiemstra is ien fan de bekendste meteorologen fan Nederlân. Hy is bekend troch it waarberjocht by it NOS-sjoernaal. Hy fertelt oer de striid dy’t wy no leverje tsjin it wetter. Wêrom stiicht de seespegel? Sil it hieltyd faker reine? En wat betsjut dat foar ús en ús diken en de rest fan de wrâld? En de wichtichste fraach: wat is it waarberjocht fan moarn?
1 maart yn it Frysk Museum

It terpelânskip yn de Wytsingtiid (foto: Ulco Glimmerveen)

Hoe seach Fryslân derút yn de tiid fan de Wytsingen?
troch Mans Schepers
Lânskipshistoarikus Mans Schepers nimt de bern tûzen jier mei werom yn de tiid. Nei de tiid fan de Wytsingen! Mans sil dúdlik meitsje dat ‘striid tsjin it wetter’ hielendal gjin rjocht docht oan de tûke manier wêrop’t de Friezen mei harren lânskip omgiene. Hy lit yn syn kolleezje in echte rekonstruksje sjen wêrtroch’t better as ea te sjen is hokker útsjoch de Wytsingen eartiids hiene as se Fryslân yn fearen.
8 maart yn it Frysk Museum

Wat barde der mei it skip de Rooswijk?
troch Martijn Manders
It is 9 jannewaris 1740 en it stoarmet. In skip fergiet mei man en mûs foar de kust fan Ingelân. It is it VOC-skip de Rooswijk, mar trije jier âld, op wei fan Tessel nei Batavia mei in weardefolle lading: tritich kisten stêfsulver en sulveren munten. Maritym ûnderwetterarcheolooch Martijn Manders dûkte yn 2017 moannenlang foar de kust fan Ingelân, op syk nei resten fan it VOC-skip. Wat is er oan ’e weet kommen oer dat ferneamde skip en oer ús skiednis? Hy fertelt oer syn dûkerij en syn bysûndere wurk.
29 maart yn Tresoar

Foto: Ruben van Vliet

Hoe holp wetter en wiskunde yn ’e striid tsjin de besetter?
troch Leon Homburg
It is simmer 1943. Der farre in soad skippen fan Amearika nei Ingelân fol mei soldaten, wapens, munysje en brânstof. It is gefaarlik, de fijân wol safolle mooglik skippen sinke litte. Hoe wisten de alliearren úteinlik dochs te winnen? En hokker rol spile de see dêrby? Leon Homburg is konservator fan it Marinemuseum en hy fertelt hoe’t wiskunde (en in hiel soad gelok) derfoar soarge dat de Dútsers ferlearen.
5 april yn Tresoar

 

jannewaris 20, 2020 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.