Werom nei de Akbarstrjitte

jannewaris 7, 2020 10:01

Yn 2002 makke Felix Rottenberg in dokumintêresearje oer de Kolenkitbuurt yn Amsterdam-West, in fergetten ‘swarte’ wyk fol ûnderlinge spanningen tusken befolkingsgroepen. Yn it twalûk Terug naar de Akbarstraat giet Felix Rottenberg werom nei dy ea ‘minste wyk fan Nederlân’.

Felix mei Saïd Besellam, eigner sportskoalle en jongereinwurker (foto: NTR)

Hy ûntduts grutte feroarings. Troch de stêdlike fernijing wenje earm, ryk, swart en wyt no neistinoar. De langstsittende bewenners blike benammen de minsken te wêzen dy’t yn de âlde searje ‘allochtoanen’ neamd waarden, en ‘de nijkommer’ yn ’e wyk blykt de wite middenklasse. Hoe pakt dat út? En wa moat him oanpasse oan wa?

In protte sosjale hierwenten binne sloopt troch de gemeente en ferfongen troch keap- en djoere hierwenten. Dêrtroch soe de wyk in mingdere befolkingsgearstalling krije, wat wer soargje soe foar better kontakt mei-inoar. De gevolgen dêrfan binne bygelyks sichtber op de Bos en Lommerskoalle, dy’t as ‘swarte skoalle’ te boek stie. Dêr is sûnt koart ien beukerklasse dy’t foar helte út wite bern bestiet. De skoalle ferspriedt dy bern net oer aparte klassen, sadat hooplik mear wite âlden dy stap doare te meitsjen. Soepel ferrint it net, fernimt Felix Rottenberg as er in emoasjonele gearkomste fan ûngerêste âlden besitet: “Ik mei dochs ek net sizze: ik wol allinnich mar Turkske bern yn de klasse fan myn soannen.”

De segregaasje liket nettsjinsteande de buertfernijing grutter as ea. In ytklup fan keapers yn de wyk siedt hallal yn ’e hoop dat islamityske buertgenoaten ek komme te iten, en klaget dat it mar net slagget om te mingen. By it fuortbalfjild stean Turksk-Nederlânske heiten: “Wat is it toppunt fan yntegraasje? Ik bin hjir berne, ik wurkje en betelje belesting. Ik doch myn bêst, mar we sille nea as Nederlanners sjoen wurde.”

Felix Rottenberg stapt de bewenners mei iepen fizier temjitte en siket de krityk op. Want doocht – mei de kennis fan no – it byld dat er yn 2002 sketste fan de problemen yn ’e wyk? Antropolooch en wykbewenner Sinan Çankaya fynt fan net. Hy sinjalearret dat grutte stedsproblemen ûnterjochte projektearre wurde op minsken mei in migraasje-eftergrûn. Hy fynt ek dat de druk om te yntegrearjen te iensidich op de skouders fan dy groepen dellein wurdt. Want wa moat him oanpasse oan wa yn in stêd dêr’t de mearderheid net mear in suver Nederlânske eftergrûn hat?

Terug naar de Akbarstraat is in twalûk mei in ferfrissende en konfrontearjende blik op tema’s oer mei-inoar libjen yn ’e grutte stêd.

Rezjy: Gülşah Doğan
Utstjoering: woansdei 22 en tongersdei 23 jannewaris om 22.15 oere by de NTR op NPO2

jannewaris 7, 2020 10:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.