Wêrom mocht frou Mazaheri de Feriene Steaten net yn?

jannewaris 11, 2020 17:31

Annahita Mazaheri (profylfoto Facebook)

Annahita Mazaheri hat in Iraanske namme, mar se hat nei har sechde jier net mear yn Iran west. Se hat mar ien paspoart: dat fan Nederlân. Tongersdei mocht hja as iennichste fan in groep Nederlânske froulju de Feriene Steaten net yn. Hja tinkt dat har fan dêrmei te krijen hat.

It 22-jierrige frommeske is berne yn Saanstêd. Har heit en mem binne beide Iraansk. Yn har betide jeugd hawwe hja noch in pear jier yn Iran wenne, mar dat is lang lyn. Hja hat foar har rjochtestúdzje fjouwer kear yn ‘e Feriene Steaten west. Dat wie nea in probleem. Tongersdei waard hja lykwols op Skiphol út de groep helle. Nei in petear mei Amerikaanske amtners krige hja te hearren dat hja it lân net yn mocht.

Wat de reden is, krige hja net te hearren. Hja hat de saak buorkundich makke en hat in soad begryp krige. Sels tinkt hja dat de spannings tusken de Feriene Steaten en Iran dy’t ûntstien binne nei’t de FS generaal Soleimany deade hawwe, makket dat de Amerikaanske oerheid elkenien dy’t bannen mei Iran hat erchtinkend besjocht.

Foto: Wikipedia/Shirley de Jong

Frou Mazaheri wol dat de Amerikaanske oerheid opdraait foar de kosten dy’t hja makke hat foar de fakânsje yn ‘e FS dy’t no net trochgiet.

Hja docht op Facebook in iepenbiere oprop om har ferslach fan de saak safolle mooglik buorkundich te meitsjen. It is hjir te finen.

jannewaris 11, 2020 17:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.