Waarpraatsje: Yn it wykein net min

jannewaris 10, 2020 17:11

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Wy ha yn jannewaris oant no ta in soad skiere dagen hân, mar sneon sjogge wy de sinne wer efkes.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is it helder. De wyn komt út it súdwesten en is swak oant matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit tusken de 2 en 6 graden.

Sneon skynt de sinne geregeld mar der is ek nochal wat hege bewolking. De matige wyn komt út it súdwesten. By de kust lâns stiet in krêftige wyn. It wurdt 7 graden.

Snein is der net folle sinne en soe der in bytsje rein falle kinne. By in matige oant frij krêftige súdwestewyn wurdt it mei in graad as 9 wol wer wat mylder.

Takomme wike bliuwt it ritich en is it oanhâldend myld, bytiden tige myld.

Jan Brinksma

jannewaris 10, 2020 17:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.