Waarpraatsje: Tongersdei ek tige myld

jannewaris 8, 2020 18:56

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie woansdei hiel wol kreas waar en foar it grutste part drûch. Mei goed 10 graden wie it fjirstente myld foar de tiid fan it jier. Tongersdei falt der mear reinwetter en is it wer tige myld.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is de loft berûn en reint it sa út en troch. By in swakke oant matige súdwestewyn wurdt it 6 graden.

Tongersdei is de loft op ‘e nij berûn en kin it sa út en troch (sto)reine. De súdwestewyn wurdt matich oant frij krêftich, by de kust lâns krêftich, miskien wol hurd. De temperatuer leit om de 10 graden hinne.

Fan freed ôf wurdt it wer wat frisser. De sinne sjogge wy foarearst net folle.

Jan Brinksma

jannewaris 8, 2020 18:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.