Waarpraatsje: Tiisdei rûzich en tige myld

jannewaris 13, 2020 18:45

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – De moanne jannewaris is oant no ta tige myld. Yn De Bilt is it mear as twa kear sa waarm as gewoanwei. It is boppedat skier. De sinne hie dêr oant juster (snein) noch mar sân oeren skynd. Tiisdei wurdt it op ‘e nij tige myld en it is rûzich.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is de loft berûn en reint it sa út en troch. De wyn komt út it súdwesten en is frij krêftich, by de kust lâns hurd oant stoarmich mei kâns op swiere wynstjitten. Yn ‘e rin fan ‘e nacht jout de wyn him by de kust lâns wer wat del. It wurdt 7 graden.

Tiisdei is de loft berûn en kin it earst sa út en troch noch reine. Geandewei wurdt is drûch en letter binne der ek inkelde opklearringen mar tsjin ‘e jûn sil it wer reine. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. Yn ‘e middei hellet de wyn flink oan en is der ek kâns op swiere wynstjitten. Mei 11 graden is it tige myld.

Woansdei feroaret der net safolle oan it waar.

Jan Brinksma

jannewaris 13, 2020 18:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.